Springe nei ynhâld

Sint-Sebastiaantsjerke (Stavelot)

Ut Wikipedy
Sint-Sebastiaanstsjerke
Église Saint-Sébastien
De Sint-Sebastiaanstsjerke yn Stavelot
De Sint-Sebastiaanstsjerke yn Stavelot
Lokaasje
lânflagge fan Belgje Belgje
gewestWalloanje
provinsjeLuik
plakStavelot
adresRue de l'Église
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolyk
bisdomLuik
aartsbisdomMechelen-Brussel
patroanhilligeSint-Sebastiaan
statusParochytsjerke
Arsjitektuer
boujier1750–1754
boustylBarok
monumintale statusBiens classés
monumintnûmer63073-CLT-0010-01
Kaart
Sint-Sebastiaantsjerke (Belgje)
Sint-Sebastiaantsjerke
Lokaasje fan 'e tsjerke yn Belgje

De Sint-Sebastiaanstsjerke (Frânsk: Église Saint-Sébastien) is de parochytsjerke fan 'e Belgyske stêd Stavelot

Skryn fan Remaklus.

De bou fan 'e tsjerke sette yn 1750 útein en yn 1754 waard it gebou ynwijd. Hoewol't de tsjerke ferneamd is nei de hillige Sebastiaan, ferwiist de ynrjochting eins folle mear nei de hillige Remaklus. Yn it [[Koer (tsjerke)|koer[[ stiet de ferneamde Remaklusskryn út healwei de 13e iuw. Ek stiet in grut byld fan Remaklus yn it rjochter sydskip.

It meubilêr fan 'e tsjerke bestiet foar in grut part út 18e-iuwsk stikken yn e lokale barokstyl. Dat is letter oanfolle mei stikken út de alderearste parochytsjerke fan it stedsje en mei ynventarisstikken út de tichteby lizzende abdij fan Stavelot, dy't omtrint 1795 troch de Frânske revolúsjonêren sletten waard.

Njonken in byld fan 'e hillige Sebastiaan sels en in doopfont út de 16e of 17e iuw, besit de tsjerke ek in bysûnder keunstwurk fan in beskermingel, makke troch de ferneamde Luikske barokbyldhouwer Jean Del Cour.

It Remaklusskryn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Remaklusskryn is ien fan 'e grutste pronkstikken fan 'e tsjerke. Dit kostbere keunstwurk waard iuwenlang bewarre yn 'e âlde abdijtsjerke fan Stavelot. Doe't de muontsen nei harren ballingskip yn 'e Frânske Tiid weromkearden yn 'e regio, hawwe sy de skryn yn 1805 skonken oan 'e Sint-Sebastiaanstsjerke, wêrtroch't dit midsiuwske keunstwurk foar de stêd bewarre bleaun is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Sébastien de Stavelot