Sint-Remigiusabdij
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Sint-Remigiusbasilyk (Frânsk: Basilique Saint-Remi) mei de njonkenlizzende eardere keninklike abdij fan Sint-Remigius is in histoarysk tsjerkekompleks yn 'e Frânske stêd Reims. Yn 'e abdij waard iuwenlang de hillige ampul mei de salvingsoalje bewarre, dy't brûkt waard by de kroaning fan 'e Frânske kenings. Hjoed-de-dei biede de kleastergebouwen ûnderdak oan it histoarysk museum fan 'e stêd. De tsjerke is sûnt 1870 in basilica minor[1] en sûnt 1991 stiet it hiele kompleks op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Skiednis fan de abdij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de 7e iuw ûntstie der in religieuze mienskip om it grêf fan 'e hillige Remigius († 533). Oan 'e ein fan 'e 8e iuw waard it kleaster oernommen troch in groep muontsen dy't ûnder aartsbiskop Tilpin om 790 de oarderregels fan 'e benediktinen oannamen. Yn 930 waard it kleaster fersterke om it te beskermjen tsjin 'e ynfallen fan 'e Wytsings en de Hongaren. Sûnt 945 sletten de muontsen harren ûnder aartsbiskop Hugo fan Vermandois oan by de herfoarmingsbeweging fan Cluny.

Sûnt de 17e iuw waarden de âlde abdijgebouwen stap foar stap ferfongen troch nijbou yn 'e barokstyl. Aartsbiskop Charles Maurice Le Tellier joech dêrfoar de bouopdracht oan 'e arsjitekt Jean Bonhomme. As lêste ûnderdiel waard tusken 1709 en 1730 in nije kleastergong boud. De abdijtsjerke bleau dêrby lykwols ûnferoare. Yn 'e nacht fan 15 op 16 jannewaris 1774 waarden grutte dielen fan 'e kleastergebouwen troch in slimme brân ferneatige, mar hja waarden letter yn 'e klasisistyske styl wer opboud.
Under de Frânske Revolúsje waard it kleaster yn 1792 opheft en de muontsen waarden ferdreaun. Yn 'e gebouwen waard earst oant 1816 in militêr hospitaal ûnderbrocht, en letter tsjinne it as it sikehûs fan 'e stêd.
De kleastergebouwen en it museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de brân fan 1774 waarden de gebouwen troch hôfarsjitekt Louis Duroché yn klasisistyske styl werboud; hy wie foaral ferantwurdlik foar de hjoeddeiske strakke gevel fan 'e abdij. By de ferbouwings yn 'e 18e iuw bleau lykwols de goatyske kapittelseal en it parlatoarium bewarre.
Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstie it plan om yn it gebou it histoarysk museum fan Reims ûnder te bringen. Dat iepene yn augustus 1978. It museum omfiemet ûnder oare in grutte archeologyske samling út de Romeinske tiid, dy't útstald stiet yn it eardere refektoarium en de 18e-iuwske keuken. In oar hichtepunt fan 'e kolleksje is in searje wandkleden út de 16e iuw dy't sênes út it libben fan Sint-Remigius sjen litte, makke yn opdracht fan aartsbiskop Robert II de Lénoncourt.
De abdijtsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skiednis en arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De abdijtsjerke waard boud oer it legindaryske grêf fan Sint-Remigius en wie de grêftsjerke fan in soad aartsbiskoppen en in pear Frankyske en Frânske kenings, wêrûnder Karloman I († 771), Loadewyk IV († 954) en Lotarius († 986).
Yn 1049 wijde paus Leo IX in folslein nije abdijtsjerke yn. Nei in brân yn 1098, dy't de tsjerke foar in part ferneatige hie, waard it gebou yn 'e 12e iuw ûnder abt Odon noch grutter en moaier makke.

De westlike gevel wurdt flankearre troch twa tuorren fan 56 meter heech. De súdlike toer stammet noch út de 11e iuw, wylst de noardlike toer pas by restauraasjes yn 'e 19e iuw tafoege waard. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard it ferwulft fan 'e tsjerke troch besjittings folslein ferneatige. De weropbou duorre mar leafst fjirtich jier en waard yn 1958 foltôge.
It ienfâldich dekorearre haadskip is 122 meter lang en mar 26 meter breed. It koer wurdt troch in koeromgong mei in kapellekrâns omfieme. De tsjerke hie oarspronklik in plat houten plafond en krige pas letter in stiennen ferwulft. Dat is hjoed-de-dei noch goed te sjen oan 'e oergongen yn 'e muorren en de ferskillende stiensoarten.
Yn it haadskip binne de bôgen nei de sydskippen en de boppegallerijen (útfierd as bifoaria) romaansk en rûnbôgich, lykas de boppeste finsters. By it letter oanbringen fan it goatyske krúsferwulft waarden der ekstra pylders foar de âlde romaanske bundelpylders set. De oarspronklike struktuer krige dêrtroch in nijsgjirrige mingstyl fan romaanske bôgen en goatyske ferwulften. It koar heart hielendal ta de iere gotyk en hat in strange, ljochte opbou yn fjouwer nivo's.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutte oargel fan 'e abdijtsjerke waard tusken 1991 en 2000 boud troch de oargelbouwers Bertrand Cattiaux en Yves Lehuen. It ynstrumint hat 45 registers ferdield oer trije manualen en in pedaal. De spyltraktuer is folslein meganysk, wylst de registertraktuer elektrysk wurket. In bysûnderheid is dat de manualen fan it rêchposityf, de Grand Orgue en it pedaal begjinne mei de Kontra-A, wat noch ûnder de grutte C leit.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
