Springe nei ynhâld

Sint-Pitersplein

Ut Wikipedy
Sint-Pitersplein
Forum Sancti Petri
Sint-Pitersplein sjoen fan it dak fan 'e basilyk ôf
Sint-Pitersplein sjoen fan it dak fan 'e basilyk ôf
Sint-Pitersplein (Fatikaanstêd)
Sint-Pitersplein
De Lokaasje fan it Sint-Pitersplein

It Sint-Pitersplein (Latyn: Forum Sancti Petri Italjaansk: Piazza San Pietro) is in plein yn Fatikaanstêd. De Sint-Pitersbasilyk stiet oan it plein. It is ûntwurpen yn opdracht fan Paus Aleksander VII troch Gian Lorenzo Bernini, dy't dêrby gebrûk makke hat fan in klassike styl as in platfoarm kombinearre mei barokke styleleminten. It Sint-Pietersplein is oanlein tusken 1656 en 1667. It plein is 240 meter breed 340 meter lang.

It plein wurdt omjûn troch 284 Doaryske pylders en 88 pylders dy't opsteld binne yn fjouwer rigen. Op de kolonnade steane 140 bylden fan hilligen. De pylder rigen foarmje in ellips mei in diameter fan likernôch 198 meter dy't wat wider útrint rjochting de tsjerke.

Midden op it plein stiet in Egyptyske obelisk dy't 40 meter heech is en 340 ton weaget. Dizze saneamde Fatikaanske Obelisk is yn 37 n.Kr. út Egypte nei Rome brocht troch keizer Kaligula. De obelisk stie oarspronklik yn it sirkus fan Nero, dêr't de âlde Sint-Pitersbasilyk yn de 4e iuw foar in part oerhinne boud waard.

Yn 1586 is de obelisk yn opdracht fan paus Sikstus V en nei in plan fan de arsjitekt Domenico Fontana 300 meter ferpleatst nei it Sint-Pitersplein dat der doe noch oars útseach. Paus Sikstus V liet in krús op de top fan de obelisk oanbringe, sadat dy no in hichte hat fan 41 meter. Oan twa siden binne ynskripsjes yn it Latyn oanbrocht. Moarmeren stiennen om de obelisk hinne jouwe de wynrjochtingen oan.

Oan wjerskanten fan de obelisk steane twa identike fonteinen. De earste is ûntwurpen troch Maderno en waard pleatst yn 1612. De twadde is in kopy fan de earste, en waard yn 1675 boud om de symmetry op it plein werom te bringen. Dizze fonteinen spuitsje 38000 liter/minút wetter oant in hichte fan 14 meter de loft yn. It wetter fan de fonteinen komt út de Mar fan Bracciano.

It Sint-Pitersplein mei de kolonnade deromhinne
It Sint-Pitersplein mei de kolonnade deromhinne

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: