Sint-Petrustsjerke (Oisterwijk)
| Sint-Petrustsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Oisterwijk | |
| adres | Tsjerkeplein 1 | |
| koördinaten | 51°34' N 5°11' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom De Bosk | |
| patroanhillige | Petrus | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Pierre Cuypers | |
| boujier | 1897 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 31362 | |
| Kaart | ||
De Sint-Petrustsjerke is in troch Pierre Cuypers ûntwurpen neogoatyske krúsbasilyk yn it Noard-Brabânske Oisterwyk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 50 m lange en 38 m brede tsjerke waard yn 1897 wijd nei't syn foargonger, in goatyske tsjerke, yn 1895 ôfbrutsen wie. It ûntwerp fan 'e nije tsjerke is basearre op 'e Us-Leaffrouwetsjerke yn Trier, ien fan 'e âldste goatyske tsjerken fan Dútslân. By de bou waarden in lingtebou en in sintraalbou kombinearre, lykas ek by de Amsterdamske Vondeltsjerke fan 'e selde arsjitekt. In oantal healrûne útwreidings tsjinje as kapel of foar de sydalters. De tsjerke wurdt bekroand mei in swiere krusingstoer mei fjouwer sydtuorkes, dy't rêste op fjouwer swiere natuerstiennen pylders yn 'e midden fan 'e tsjerke. De toer is 67,5 meter heech en dêryn hinget in karriljon fan 42 klokken. Yn oktober 1944 rekke de toer by de befrijing skansearre troch kriichsgeweld, mar yn 'e jierren dêrnei folge in restauraasje. Yn 1970 waard de tsjerke yngreven restaurearre en yn 1973 waard de tsjerke in ryksmonumint.
By restauraasjewurksumheden yn 1998 ferneatige in brân de spits fan 'e toer folslein. Ek de ferwulften, it tek en de lytse tuorkes rûnen skea op. Der folge al gau in restauraasje en ein 1999 wie de toer wer yn 'e âlde gloarje werboud.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It haadalter út 1896 is in ûntwerp fan Cuypers. It doopfont is ek in wurk fan 'e arsjitekt en datearret fan 1897. De fiif ramen boppe it haadalter, in oantal ramen oan wjerskanten fan it koer en de glês-yn-leadramen fan 'e doopkapel binne fan Joep Nicolas. Oare brânskildere ramen binne fan Max Weiss en datearje út 1954. De krúswei datearret fan 'e jierren 1904-1906 en is makke troch C. Grips. Under de krusingstoer hinget in grutte kroanluchter, dy't by de brân fan 1998 delsoarte.
Aldere dielen binne de neobarokke preekstoel út 1850 (atelier Van Hool, Antwerpen), de neobarokke bychtstoel út 1849 en trije skilderstsikken út 1839-1840 (Gustave Wappers, Antwerpen).
Genedebyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de midsiuwen waard yn Oisterwijk in wûnderdiedich Marijebyld fereare yn in kapel ûnder in âlde linebeam. It is in âld byld dat datearret út de jierren 1470-1480. By in brân yn 1583 rekken it byld en de kapel skansearre, mar sawol it byld as de kapel waarden restaurearre. Yn 1648 waard de kapel troch de ynfiering fan 'e reformaasje lykwols sletten en brûkt as de Latynske skoalle, letter as riedseal en gemeentehûs. Yn 1880 folge lang om let de ôfbraak fan 'e kapel. It genedebyld kaam doe by partikulieren telâne, mar yn it begjin fan 'e 20e iuw waard it byld restaurearre yn it atelier fan Pierre Cuypers en krige it in plak yn in spesjaal foar it byld ynrjochte kapel fan 'e Sint-Petrustsjerke: de saneamde Maria Vreugdeijckekapel.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel yn 'e tsjerke is yn 1828 troch Bernard Petrus van Hirtum út Hilvarenbeek boud. It oargel waard noch yn 'e âlde tsjerke yn 1880 troch de bruorren Frânssen fergrutte. Nei de bou fan 'e nije tsjerke waard it oargel yn 1899 hielendal op 'e nij boud troch Franssen. Pierre Cuypers ûntwurp doe de nije oargelkas. Yn it ramt fan in renovaasje fan it oargel yn 1956 troch Valck & Van Kouteren krige it oargel in tredde manuaal en in fanôf it twadde manuaal te bespyljen posityf. De (nije) spyltafel ferhûze nei in plak yn it midden foar it oargel.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
