Katedraal fan Malmedy
| Katedraal fan Malmedy Cathédrale Saints-Pierre-Paul-et-Quirin | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| gewest | Walloanje | |
| provinsje | Luik | |
| plak | Malmedy | |
| adres | Place Albert I | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolyk | |
| bisdom | Luik | |
| aartsbisdom | Mechelen-Brussel | |
| patroanhillige | Petrus, Paulus en Sint-Kwirinus | |
| status | Katedraal | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Charles-Antoine Galhausen | |
| boujier | 1776 (hjoeddeisk gebou) | |
| boustyl | Klassisisme | |
| Kaart | ||
De Katedraal fan 'e Hillige Petrus, Paulus en Kwirinus (Frânsk: Cathédrale Saints-Pierre-Paul-et-Quirin) is in roomsk-katolyk tsjerkgebou yn 'e Belgyske stêd Malmedy. De tsjerke, dy't oarspronklik as abdijtsjerke boud waard, falt op troch de ienfâldige en homogene boustyl, mar hat in heechweardich ynterieur. Yn 'e jierren 1920 krige it gebou offisjeel de status fan in katedraal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike abdijtsjerke fan Malmedy waard tsjin 'e ein fan 'e 10e iuw boud. Dit symboalyske gebou waard lykwols yn 1689 folslein troch de troepen fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV ferneatige.

In iuw letter, yn 1776, waard de hjoeddeiske tsjerke werbouwd neffens de tekeningen fan 'e Luikske arsjitekt Charles-Antoine Galhausen. Nei de Frânske Revolúsje ferlear it gebou syn oarspronklike kleasterfunksje. It waard dêrnei earst as parochytsjerke en letter sels as timmerwurkplak brûkt, oant it yn 1818 offisjeel oan 'e stêd Malmedy ferkocht waard. Doe't it gebou yn 'e jierren 1920 de status fan katedraal krige, waard it de sit fan it doedestiidske bisdom Eupen-Malmedy.
Interieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sawol yn as bûten it gebou hearsket in grutte arsjitektonyske homogeniteit. De tsjerkeromte is rom opset en tige ljocht.
In grut part fan it barokke en klassisistyske stukwurk yn 'e tsjerke is it wurk fan de bekende Luikske ornamintskilder en stukadoar François-Joseph Duckers. Hy makke ûnder oaren ek de bas-reliëfs dy't de koepel fersierje en de foarstelling fan Marije-Himelfeart op 'e bekroaning fan it koer.
Tsjerkeskatten en ynventaris
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal herberget in tal bysûndere keunstskatten en histoaryske ynventarisstikken dy't it besjen wurdich binne:
- De houten preekstoel (1779) is in ryk útfike ikehouten preekstoel yn 'e Loadewyk XIV-styl.
- De fjouwer bychtstuollen yn it skip fan 'e tsjerke stamme út it jier 1770.
- It heechalter is in grut moarmeren heechalter yn it koer en datearret út 1877.
- It alter fan 'e Hillige Jongfaam Marije is in moarmeren sydalter út 1773.
- De Kwirinus-skryn yn 'e tsjerke stiet de skryn fan 'e hillige Kwirinus tegearre mei in beskildere houten kiste út 1698. Ek besit de tsjerke sulveren relikwybústes fan 'e hillige Gereon en syn begelieder.
Glês-yn-leadramen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske glês-yn-leadramen binne it wurk fan F. Cricks en datearje út it jier 1951. Yn it koer binne ferskillende medaillons yn it glês ferwurke dy't de hilligen Petrus, Paulus, Kwirinus, Remaklus, Gereon en Helena ôfbyldzje.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel (1780-1783) is ien fan 'e grutte pronkstikken fan 'e katedraal en boud troch Mathieu Graindorge út Luik.
Oare kapellen yn Malmedy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de katedraal steane yn de stêd noch twa histoaryske kapellen dy't it neamen wurdich binne:
- De Opstanningskapel (Chapelle de la Résurrection): In karakteristyk klassisistysk bouwurk dat opfierd waard yn 'e jierren 1755-1757.
- De Kapel fan Us-Leaffrou-fan-de-Siken (Chapelle Notre-Dame des Malades): Dizze kapel waard werbouwd yn 1554. Yn 1741, krekt op it stuit dat der in swiere epidemy yn 'e stêd einige, waard der in Marijebyld yn 'e kapel set. Sûnt dy tiid is de kapel in bekend beafeartsplak wurden. It gebou waard yn 1908 en 2001 yngreven restaurearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Katedrale tsjerken yn Belgje | ||
|---|---|---|
| Aartsbisdom | Sint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal) | |
| Bisdommen | Us-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen) • Sint-Salvatorkatedraal (Brugge) • Sint-Baafskatedraal (Gint) • Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt) • Sint-Pauluskatedraal (Luik) • Sint-Albanuskatedraal (Namen) • Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik) | |
| Eardere katedralen | Sint-Donatuskatedraal (Brugge) • Sint-Lambertuskatedraal (Luik) • Sint-Martinuskatedraal (Iper) • Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy) | |
