Sint-Pauluskatedraal (Luik)
| Sint-Pauluskatedraal Cathédrale de la Conversion de Saint-Paul | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| gewest | Walloanje | |
| provinsje | Luik | |
| plak | Luik | |
| adres | Place de la Cathédrale | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolyk | |
| bisdom | Luik | |
| aartsbisdom | Mechelen-Brussel | |
| patroanhillige | Sint-Paulus | |
| wijd oan | Bekearing fan 'e apostel Paulus en Marije-Himelfeart | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 13e-15e iuw (toerspits ferhege nei 1804, grutte restauraasje 1850-1875) | |
| boustyl | gotyk, neogotyk | |
| hichte | 90 meter (toer) | |
| monumintale status | Patrimoine immobilier classé de la Région wallonne | |
| monumintnûmer | 62063-CLT-0017-01 | |
| Webside | ||
| www.cathedraledeliege.be | ||
| Kaart | ||
De Sint-Pauluskatedraal (folút: Cathédrale de la Conversion de Saint-Paul et de l'Assomption de Marie; Katedraal fan 'e Bekearing fan Paulus en de Opname fan Marije yn 'e Himel) is de biskopstsjerke fan it Belgyske bisdom Luik. De goatyske basilyk waard fan 'e 13e oant de 15e iuw as kapitteltsjerke (kollegiale tsjerke) boud en waard yn 1804, as opfolger fan 'e yn 'e Frânske tiid ferneatige Sint-Lambertuskatedraal, ferheft ta katedraal.
Skiednis en arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biskop Ebrachar stifte it Pauluskapittel yn it jier 966 op in – doetiidsk – eilân tusken twa earms fan 'e Maas. Oer de fraach hoe't dy tsjerke der útseach besteane allinnich mar fermoedens.
De bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke sette yn 1240 útein. Yn 'e earste faze waarden it koer (mei in flakke ôfsluting), it dwersskip en de earste twa traveeën fan it eastlike tsjerkeskip boud. De tsjerke waard op 11 april 1289 ynwijd.

De twadde, heechgoatyske boufaze begûn nei 1333 mei de fjouwer westlike traveeën fan it skip, it sydportaal, de kapellen fan 'e sydskippen, de mearhoekige apsis en úteinlik de toer (sûnt 1390).
Fan 1445 ôf ûntstie de oant hjoed-de-dei bewarre bleaune kleastergong oan 'e súdkant fan 'e tsjerke, en oan it begjin fan 'e 16e iuw it westlike portaal njonken de toer.
Oant de Frânske Revolúsje wie de Sint-Paulustsjerke ynklusyf it katedraalkapittel ien fan 'e sân kapitteltsjerken fan Luik. Nei de komst fan 'e Frânsen yn 1792 en letter op 'e nij yn 1794 waarden alle kleasters en kapittels yn Luik opheft en harren besittings konfiskearre. Yn 1795 folge de opheffing fan it Prinsbisdom Luik en yn 1796 ek de opheffing fan it Sint-Pauluskapittel. De tsjerke waard troch it Frânske regear yn beslach nommen en alle kostberheden waarden ferwidere en ferkocht. De tsjerke die dêrnei tsjinst as slachthûs foar it garnizoen, wêrby't de kleastergong as stâl brûkt waard.
Troch it Konkordaat fan 1801 tusken Napoleon en de paus waard it bisdom Luik op 'e nij oprjochte, mar no sûnder wrâldske macht. Om't de âlde Sint-Lambertuskatedraal yn 'e jierren 1789-1814 ôfbrutsen wie, waard de Sint-Paulustsjerke yn 1804 ferheft ta de nije katedraal fan it bisdom. Nei de ferheffing fan 'e Paulustsjerke ta katedraal waard de toer ferhege mei in klokkesouder en in spits. It foarbyld dêrby wiene de westlike tuorren fan 'e ferneatige Lambertuskatedraal. Tusken 1850 en 1875 fûn der in grutte neogoatyske restauraasje plak. It koer krige twa ekstra sydskippen en de hiele bûtenkant waard mei bylden en dekorative eleminten fersierd.
In folsleine restauraasje fan it eksterieur (dakken en gevels) waard útfierd tusken maaie 2016 en desimber 2021.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de lange boutiid makket it ynterieur in harmonyske en sletten yndruk. Dat is fral oan it ferwulft te tankjen, dat fan it koer oant de toer like heech bliuwt. It kontrast tusken de blauwe Maaslânske en de gielige Loataringske kalkstien, de trifoaria en it byldhouwurk jouwe de romte in oantreklik oansjen.
De wichtichste brânskildere ramen datearje út de midden fan 'e 16e iuw. Yn 'e selde tiid waard in part fan 'e ferwulften beskildere; de rest folge yn 'e 19e iuw. Yn it lêste tredde part fan 'e 19e iuw ûntstiene it heechalter en in soad bylden.
De Switser Gottfried Honegger (1917-2016) ûntwurp achttjin bopperamen foar it middenskip en it dwersskip mei it tema 'De sân dagen fan 'e skepping'. De ramen waarden as glêsmozaïken yn koperen listen makke yn it atelier fan Gabriel Loire (1904-1996) yn Chartres en binne yn 2013 en 2014 yn 'e tsjerke set.
- Ynterieur.
- Heechalter.
- Preekstoel.
- Relykkist Lambertus.
- Ferwulft.
Skatkeamer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1992 waard de skatkeamer fan 'e katedraal iepene mei bewarre skatten fan 'e ferneatige Lambertuskatedraal. De skatkeamer herberget oer trije ferdjippings útsûnderlike masterwurken fan it Luikske kultuergoed. Njonken de grutste letgoatyske relykbuste fan Europa fan Sint-Lambertus (hichte 159 sm, breedte 107 sm) wurde de relykskryn fan Karel de Stoute en tal fan liturgyske foarwerpen en gewaden toand.
- De Jongfaam fan ' e flinter
Pierre de Molendino († 1459). - Relykbuste fan Lambertus.
- Relykskryn fan it Wiere Krús (± 1420).
- 15e iuwsk brevier, ôfkomstich út de Abdij fan Val-Dieu.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel op 'e westlike kreake waard yn 1870 foar de oargelbouwer Merklin-Schütze boud. It ynstrumint besit 30 registers.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St.-Pauls-Kathedrale (Lüttich)
|
| Katedrale tsjerken yn Belgje | ||
|---|---|---|
| Aartsbisdom | Sint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal) | |
| Bisdommen | Us-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen) • Sint-Salvatorkatedraal (Brugge) • Sint-Baafskatedraal (Gint) • Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt) • Sint-Pauluskatedraal (Luik) • Sint-Albanuskatedraal (Namen) • Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik) | |
| Eardere katedralen | Sint-Donatuskatedraal (Brugge) • Sint-Lambertuskatedraal (Luik) • Sint-Martinuskatedraal (Iper) • Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy) | |
