Sint-Pantaléontsjerke (Sjevtjenkove)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sint-Pantaléontsjerke

Церква святого Пантелеймона

Klokketoer en Foarbeatsjerke
Klokketoer en Foarbeatsjerke
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
lânsdiel Flag of Ivano-Frankivsk Oblast.png Ivano-Frankivsk
rayon Halytsj
plak Sjevtjenkove
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1194; rekonstruksje 20e iuw

De Sint-Pantaléontsjerke (Oekraynsk: Церква святого Пантелеймона ) is in gryksk-katolyk tsjerkegebou yn it Oekraynske doarp Sjevtjenkove yn it rayon Halytsj. De tsjerke stiet likernôch 28 kilometer noardlik fan de stêd Ivano-Frankivsk en is in monumint fan nasjonale betsjutting. De tsjerke is it iennige bewarre tsjerkegebou fan it âlde foarstendom Galysje-Wolynje en is de âldste tsjerke fan West-Oekraïne.[1][2].

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1194 yn opdracht fan grutfoarst Roman Mstislavitsj boud as in otterdokske tsjerke op it plak dêr't eartiids it âlde Halytsj lei. De tsjerke waard ferneamd nei de hillige Pantaléon, ta oantinken fan syn pake, grutfoarst Izjaslav II fan Kiëv, dy't as kristlike namme Pantaléon hie. Doe't Halytsj yn de twadde helte fan de 13e iuw de status fan haadstêd ferlear rekke de tsjerke yn it neigean. Likernôch in iuw letter waard de tsjerke yn gebrûk nommen troch katoliken, dy't de tsjerke wijden oan Sint-Stanislaus. Yn 1575 plonderden de Tataren de tsjerke, dy't dêrnei leech bleau. Dat bleau sa oant de oerdracht fan de tsjerke oan de Fransiskanen yn 1595, dy't it gebou ferboude yn in barokke basilyk. By de tsjerke waard in kleaster boud mei in defensive ôffreding. Tagelyk krige de tsjerke in frijsteande klokketoer.

De tsjerke foar de Earste Wrâldkriich

Yn 1676 brochten de Turken yn harren opmars nei Halyts skea oan de tsjerke. In brân yn 1802 en besjittings yn de Earste Wrâldkriich brochten ek grutte skea oan de tsjerke. De tsjerke bleau nei de kriich foar in lange tiid leech stean.

De restauraasje yn 1926 brocht de tsjerke hast werom yn it oarspronklike oansjen. Yn de tsjerke waard it pleister fan de muorren ferwidere en waarden der spoaren fan fresko's en ynskripsjes op de stiennen ûntdutsen.

Yn 1998 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen troch de Gryksk-Katolike Tsjerke.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is in krúsfoarmich gebou fan wite stien en hat ien sintrale koepel. It westlik portaal is ryk oan dekoraasjes en hat oan wjerskanten twa pylders mei kapitelen. Dat portaal springt nei foarren ta en toant oerienkomsten mei de portalen fan romaanske tsjerken yn West-Europa. It súdlike portaal is ienfâldiger en minder dekorearre.

Yn 1909 waarden by in ûndersyk oan de tsjerke op de gevels in soad ynskripsjes út de 13e oant 17e iuw oantroffen. Ien ynskripsje neamde it jiertal 1194, dat tsjutte op de bou fan de tsjerke. De ynskripsje stiet op in stien yn de súdlike gevel fan de tsjerke by de tredde pilaster op in hichte fan 1,5 meter fan de grûn. It ynskrift is mei in skerp ding yn de stien skrast en jout ynformaasje oer de bou en opdrachtjouwer.

De frijsteande klokketoer foarme eartiids diel fan de westlike ferdigeningsflank fan it bastion dat om it doedestiidske kleaster rûn. De ûnderste ferdjipping tsjinne as poarte en it boppediel as war- en klokketoer. It fûnemint fan de toer stiet op grutte úthoude blokken, dy't nei alle gedachten oerbleaune by it feroarjen fan de oarspronklike tsjerke yn in basilyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: