Springe nei ynhâld

Sint-Nikolaastsjerke (Haps)

Ut Wikipedy
Sint-Nikolaastsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Lân fan Cuijk
plak Haps
adresKerkstraat 15
koördinaten51°41' N 5°51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomDe Bosk
patroanhilligeNikolaas fan Myra
Arsjitektuer
arsjitektCaspar Franssen
boujier1899
boustylneogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer517531
Webside
www.parochiedegoedeherder-mill.nl
Kaart
Sint-Nikolaastsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Nikolaastsjerke

De Sint-Nikolaasstsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn Haps, in doarp dat yn 'e Noard-Brabânske gemeente Lân fan Cuijk leit.

Haps hie sûnt 1427 in oan Nikolaas fan Myra wijde kapel. Dy kapel foel doe ûnder de parochy Cuijk. Om 1600 hinne waard de kapel in selstannige parochytsjerke en sûnt 1637 krige de tsjerke ek in earste pastoar. Yn 1648 waard yn it ramt fan 'e reformaasje de roomske misse ferbean en moasten de roomsen fan Haps nei in skuorretsjerke yn it oanbuorjende Oeffelt, dêr't wol godstsjinstfrijheid bestie.

De katoliken krigen yn 1798 harren tsjerke werom, dy't doe lykwols brekfallich woarn wie en boppedat te lyts foar it tanommen oantal bewenners. Yn 1814 waard in nije tsjerke yn gebrûk nommen, dy't oan 'e ein fan 'e 19e iuw op 'e nij te lyts waard. De hjoeddeiske neogoatyske tsjerke waard yn 1899 ynwijd en is neffens in ûntwerp fan Caspar Franssen boud.

De Nikolaastsjerke is in basilyk fan bakstien yn neogoatyske styl. De tsjerke hat in 45 meter hege toer, dy't ôfsletten wurdt mei in balustrade, fjouwer hoektuorkes en in achtsidige spits. Op 'e krusing stiet in smel krusingstuorke.

Boppe de haadtagong is in reliëf oanbrocht fan Sint-Nikolaas mei trije bern yn 'e kûp.

De tsjerke hat in ynterieur mei bylden en fykwurk fan it atelier Thissen út Roermond út 1900 oant 1905. It doopfont fan 1600 is âlder en datearret noch út de oarspronklike tsjerke. De preekstoel datearret fan 1855. De op koperen platen skildere krúswei is fan 1905 en makke troch Karel Beijaart út Brugge.

It koeroargel fan 'e tsjerke stie oarspronklik yn 'e Fatimakapel fan it pensjon Sint-Jozef yn Tilburg, dêr't it troch de firma Verschueren boud waard. Dêr waard it yn 2014 oerstallich. Noch krekt foar de ferneatiging waard it oargel rêden en krige it in plak yn 'e Sint-Nikolaastsjerke fan Haps, dêr't it in eletroanysk oargel ferfong.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: