Sint-Nikolaaskatedraal (Kiëv)
Sint-Nikolaaskatedraal | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 50°25' N 30°31' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Kiëv-Zjytomyr | |
status | Władysław Horodecki | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1899-1909 | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
kyiv.omi.org.ua | ||
Kaart | ||
De Sint-Nikolaaskatedraal (Oekraynsk: Костьол Св. Миколи; transliterearre Kostol Sv. Mykoly) is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Oekraynske haadstêd Kiëv. De neogoatyske tsjerke waard tusken 1899 en 1909 boud neffens in definityf ûntwerp fan 'e arsjitekt Władysław Horodeckien en is nei de Aleksandertsjerke de âldste roomske tsjerke fan Kiëv. De Nikolaaskatedraal falt ûnder it bisdom Kiëv-Zjytomyr.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard foar de groeiende Poalske mienskip boud, dy't tysken 1897 en 1909 mear as ferdûbele. Yn 1898 waard foar de bou fan 'e tsjerke it ûntwerp fan Stanisław Wołowski keazen, dy't in neogoatyske bouwurk mei twa tuorren fan 60 m tekene hie. It definitive ûntwerp en de útfiering fan it projekt waard tawiisd oan 'e Poalske arsjitekt Władysław Horodecki. De bou duorre 10 jier. Njonken de katedraal waard yn 'e selde styl in trije ferdjippingen tellend parochyhûs boud.
Yn opdracht fan 'e kommunisten waard de katedraal yn 1938 sletten, nei't der al twa jier gjin preester mear tsjinne. Nei it sluten brûkten strafynrjochtingen de tsjerke foar technyske doelen en ek de KGB hat de tsjerke as tsjinstgebou brûkt. Sûnt de jierren 1980 brûkte it Hûs fan Oargel- en Keamermuzyk it gebou. Om as konsertseal te tsjinjen moast it gebou wer ferboud wurde troch it heechalter te ferwiderjen, dêr't doe in grut oargel boud waard.
Nei de ûnôfhinklikheidsferklearring fan Oekraïne yn 1991 krige de roomske mienskip yn 1992 tastimming wer missen op te dragen. De tsjerke besocht foar in hiel skoft it gebou werom te krijen, mar ien fan 'e tûkelteammen dêrby wie de ferhûzing fan it transport fan it oargel nei in oar gebou. By syn reis troch de Oekraïne besocht paus Jehannes Paulus II yn juny 2001 de Nikolaastsjerke.
By in test fanwegen in technysk defekt oan it oargel bruts op 3 septimber 2021 brân út, wêrtroch it oargel ferneatige en ek it ynterieur skeind waard. Sûnt oktober 2021 waard in grutte renovaasje útfierd. Nei lange ûnderhannelingen waard yn novimber 2021 bekendmakke dat de tsjerke op 1 juny 2022 troch de oerheid oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke oerdroegen wurde soe.
Yn 'e oarloch tusken Oekraïne en Ruslân rekken op 20 desimber 2024 by in raketoanfal op de stêd it roasfinster, de gevel en de finsterramen fan 'e treptuorren skansearre. Op dat stuit wie de tsjerke noch net offisjeel oan it bisdom oerdroegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|