Springe nei ynhâld

Sint-Nikolaaskatedraal (Fribourg)

Ut Wikipedy
Sint-Nikolaaskatedraal

Cathédrale Saint-Nicolas

Kathedrale St. Nikolaus

bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Fribourg
plak Fribourg
adres Rue du Pont-Suspendu, 1700 Fribourg
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1283-1490
boustyl Gotyk
offisjele webside
Side bisdom

Die Sint-Nikolaaskatedraal (Frânsk: Cathédrale Saint-Nicolas; Dútsk: Kathedrale St. Nikolaus) yn Fribourg is de katedraal fan it roomske bisdom Lausanne, Sjenêve en Fribourg yn Switserlân. De tsjerke is ferneamd nei Nikolaas fan Myra en wie eartiids oant 1924 in kollegiale tsjerke fan in koarhearestift. Yn dat jier waard de oarspronklike munstertsjerke fan Fribourg de katedraal fan it bisdom.

De tsjerke waard fanôf 1283 oant 1490 op it plak fan in romaanske foargonger boud. De trijeskippige goatyske tsjerke hat in 74 meter hege toer, dy't yn 1490 yn styl fan de flamboyantgotyk foltôge waard. Yn de toer is in slingertrep mei 368 trêden.

It haadportaal is te finen yn de westlike gevel. Boppe it portaal is in timpaan mei in 14e-iuwske foarstelling fan it Jongste Gerjocht. It mearsidige koer waard yn de jierren 1627-1630 fernijd en grutter makke, wêrby't de goatyske styl hanthavene waard.

Grêflizzing

De tsjerke hat in rike ynrjochting. Yn de Kapel fan it Hillich Grêf is in foarstelling fan de grêflizzing fan Kristus (1433). It doopfont fan de tsjerke stamt út 1498. It goatyske koerstuolte waard yn 1516 makke. De tsjerke hat meardere barokke alters en in heechalter út 1877.

It koerhek waard tusken 1464 en 1466 yn letgoatyske styl makke troch Ulrich Wagner en is ien fan de moaisten fan dy tiid.

De ramen waard ynearsten troch de Poalske skilder Józef Mehoffer yn de Jugendstil ûntwurpen en tusken 1896 en 1936 ynbrocht. It wurk waard dien makke troch de Frânske skilder Alfred Manessier.

Yn de katedraal steane twa oargels. It grutte oargel waard tusken 1824 en 1834 troch de oargelbouwer Aloys Mooser (1770–1839) út Fribourg boud. Komponisten as Franz Liszt en Anton Bruckner hawwe op it ynstrumint spile. It oargel hat 60 registers op fjouwer manualen en pedaal.

It koeroargel waard troch Sebald Manderscheidt (1620–1685), in soan fan de Dútske oargelbouwer Nicolaus Manderscheidt, yn de jierren 1655-1657 boud. It oargel mei 18 registers op twa manualen en pedaal is net frij tagonklik.

Yn de toer hingje 13 klokken. Mei de stiftstsjerke fan Sankt Gallen en it Munster fan Bern ta de wichtichste histoaryske klokkebestannen fan it lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Nikolaus (Freiburg im Üechtland)