Sint-Michielsgestel (gemeente)
Sint-Michielsgestel Gèssel | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Sint-Michielsgestel (lokaal: Gèssel) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân, dy't yn 'e Meierij fan de Bosk leit. De gemeente hat 30.071 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 59,34 km² (wêrfan 0,99 km² wetter) en leit op in hichte fan likernôch 5 meter. It wichtichste plak is it doarp Sint-Michielsgestel, dat yn East-Brabân ek wol Gestel neamd wurdt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske gemeente Sint-Michielsgestel ûntstie yn 1996, nei de fúzje fan 'e gemeenten Sint-Michielsgestel, Den Dungen en Berlicum. It doarp Gemonde, dat earder foar in part by de gemeenten Boxtel, Sint-Michielsgestel, Sint-Oedenrode en Schijndel hearde, waard yn syn gehiel tafoege oan 'e nije gemeente Sint-Michielsgestel.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Berlicum
- Den Dungen
- Gemonde
- Sint-Michielsgestel
Buorskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beekveld, Berlicum, Besselaar, De Bus, Doornhoek, Haanwijk, Halder, De Hogert, De Loofaert, Den Dungen, Gemonde, Heikantse Hoeve, Hersend, Heult, Hezelaar, Hoek, Horzik, Kerkeind, Laar, Maaskantje, Middelrode, Nijvelaar, Plein, Poeldonk, Ruimel, Tielse Hoeve, Wielsche Hoeven, Wamberg en Woud.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Dommeldelling is in gebiet mei greiden en âlde beammen mei mooglikheden om te kuierjen en te fytsen. De Zegenwerpse Bossen by it lângoed Zegenwerp is in parkeftich boskgebiet fuort by Sint-Michielsgestel.
Noardlik fan 'e gemeente leit Het Bossche Broek, mei in moai útsicht op de skyline fan De Bosk. Súd fan 'e gemeente leit De Geelders, ûnderdiel fan Het Groene Woud.
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It histoaryske kastiel Nieuw Herlaer oan 'e Dommel.
- De neogoatyske Sint-Michielstsjerke fan Sint-Michielsgesel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |