Springe nei ynhâld

Sint-Michaeltsjerke op it Foarum (Lucca)

Ut Wikipedy
Sint-Michaeltsjerke op it Foarum

San Michele in Foro

Lokaasje
lân Itaalje
plak Lucca
adresPiazza San Michele
koördinaten43°50' N 10°30' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomLucca
patroanhilligeSint-Michael
Arsjitektuer
boujier11e iuw
boustylromaansk
Webside
Side bisdom
Kaart
Sint-Michaeltsjerke op it Foarum (Itaalje)
Sint-Michaeltsjerke op it Foarum

De Sint-Michaeltsjerke op it Foarum (Italjaansk: San Michele in Foro) is in roomske basilyk yn Lucca, Toskane yn Sintraal-Itaalje. De tafoeging in Foro ferwiist nei de lokaasje dat de tsjerke boud waard op it âlde Romeinske foarum. Oant 1370 wie it de sit fan 'e Consiglio Maggiore ("Grutte Ried"), de wichtichste gearkomste fan 'e gemeente. De tsjerke is wijd oan 'e aartsingel Michael.

De tsjerke wurdt foar it earst yn 795 neamd en as ad foro (yn it forum). De tsjerke waard nei 1070 werboud om't paus Aleksander II dat graach woe, dy't fan 1057 oant 1061 biskop fan Lucca wie.

Gevel.

Opmerklik is de 13e-iuwske gevel mei in grutte rige bylden en dekoraasjes, wêrfan't in soad yn 'e 19e iuw op 'e nij makke binne. Der is in beskriuwing fan John Ruskin fan 'e ferfallen steat fan dy gevel, dy't er by in besite yn 1845 besjoen hie. It legere diel hat in searje bline arkades mei yn it sintrale diel it haadportaal. Boppe de gevel stiet it troch twa ingels flankearre 4 m hege byld fan Sint-Michael de Aartsingel. Neffens in leginde soe de finger fan in ingel in ûnbidige diamant hawwe. Under oan 'e rjochter hoeke fan 'e gevel is in byld (1480) fan 'e 'Madonna salutis portus' (Madonna, poarte fan heil) oanbrocht, makke troch Matteo Civitali om de ein fan 'e pest fan 1476 te fieren.

It ynterieur fan 'e tsjerke hat in skip en twa sydskippen mei in dwersskip en in healrûne apsis; it skip wurdt stipe troch arkades op monolityske pylders. Fanút it súdlike dwersskip rint de klokketoer omheech, boud yn 'e 12e-14e iuw, mei in searje inkele, dûbele en trijefâldige finsters. De lêste ferdjipping waard sloopt yn it bewâld fan Giovanni dell'Agnello (1364–1368), de doge fan Pisa.

Ynterieur.

Under de keunstwurken fan 'e tsjerke binne in Madonna mei Bern fan Luca della Robbia en in skilderij fan fjouwer hilligen fan Filippino Lippi it neamen wurdich. De tsjerke besit ek in 12e-iuwsk houten krús.

Sint-Davino.

Under it heechalter leit it lichem fan Sint-Davino van Armeenje (San Divino Armeno). De hillige waard om 1000 hinne yn Armeenje berne en gie op pylgerreis nei Jeruzalim en Rome. Op syn pylgerreis nei Santiago de Compostela kaam Sint-Divino oer de Via Francigena yn 1050 yn Lucca oan. Hy ferstoar dêr op 3 juny 1050 en waard ynearsten bûten de tsjerke begroeven, mar syn oerbliuwsels ferhûzen letter nei it alter yn 'e tsjerke. Sint-Davino waard nei alle gedachten troch paus Aleksander III yn 1159 hillich ferklearre. Syn lichem is ien fan Itaalje's âldst bekende mummifisearre hillige. Yn oerienstimming mei histoaryske ferslaggen befêstige in paleopatologyske stúdzje syn dea tusken 1025 en 1124.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: