Sint-Michaeltsjerke (Harns)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Sint-Michaelstsjerke)
Jump to navigation Jump to search
Sint-Michaëlstsjerke yn Harns

De Sint-Michaelstsjerke is in roomsk-katolike tsjerke yn Harns gewijd oan Sint-Michael.

De neogoatyske tsjerke en de pastorije waarden boud nei ûntwerp fan Alfred Tepe. De trijebeukige krúsbasilyk oan de Suderhaven wie de twadde fan de yn totaal fjouwer neogotyske tsjerken dy't hy yn Fryslân boude. De pastorije hat in trepgevel. De tsjerke út 1881 waard op 31 maaie wijd.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke slim beskeadige, maard dit waard wersteld. Yn de perioade 1985-1999 wie der in grutte restauraasje.

De kânsel, it heechalter en de sydalters komme út it atelier fan byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg. De tsjerke hat in Adema oargel en de ramen fan akrylaatglês binne fan Jan Murk de Vries.

It ynterieur fan de tsjerke yn 2014