Springe nei ynhâld

Sint-Mattiaseilannen

Ut Wikipedy
Sint-Mattiaseilannen
Loftfoto fan 'e Sint-Mattiaseilannen
Loftfoto fan 'e Sint-Mattiaseilannen
geografy
lokaasjeGrutte Oseaan
ûnderdiel fanBismarckarsjipel
lân Papoea Nij-Guineä
koördinaten1°25'S 149°40'E
algemien
belangrike plakkenBoliu, Tasitel
ynwennertal± 5.500
sifers
oerflak350 km²
heechste punt650 m (op Mussau)
kaart
Sint-Mattiaseilannen (Papoea Nij-Guineä)
Sint-Mattiaseilannen

De Sint-Mattiaseilannen (Ingelsk: St. Matthias Islands), ek wol de Mussau-eilannen neamd, binne in lytse eilannegroep yn it noarden fan 'e Bismarckarsjipel. De eilannen hearre by Papoea Nij-Guineä en binne ûnderdiel fan 'e provinsje Nij-Ierlân. De groep bestiet út likernôch tsien fulkanyske eilannen en koraaleilannen.

De earste Europeanen dy't de eilannen besochten, wiene de Nederlanners Jacob le Maire en Willem Schouten yn 1616. De namme "St. Matthias" waard letter yn 1690 jûn troch de Ingelske ûntdekkingsreizger William Dampier, dy't dêr op 'e nammedei fan 'e apostel Mattias oankaam. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw kamen de eilannen ûnder Dútsk bewâld as ûnderdiel fan Dútsk Nij-Guineä. De befolking stie bekend om harren ferset tsjin bûtensteanders; yn 1901 waarden ferskate leden fan in Dútsk wittenskiplik team op Mussau deadien troch de lokale befolking. Nei de Earste Wrâldkriich waarden de eilannen troch Austraalje bestjoerd ûnder in mandaat fan it Folkebûn.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de eilannen troch Japan beset. Benammen it eilân Emirau wie fan grut strategysk belang foar de alliearden, dy't it yn 1944 sûnder ferset oernamen en der in grutte loftmachtbasis bouden om de Japanske basis Rabaul te isolearjen. Sûnt 1975 binne de eilannen part fan it ûnôfhinklike lân Papoea Nij-Guineä.

De arsjipel leit likernôch 150 kilometer noardwestlik fan it eilân Nij-Ierlân. De groep bestiet út:

  • Mussau is it grutste eilân mei it heechste punt (650 meter) is tichte begroeid mei tropysk reinwâld.
  • Emirau (of Emira) is n grut koraaleilân ten easten fan Mussau.
  • Tench: (of Enusi) is in lyts en isolearre koraaleilân fierder nei it easten.
  • Fierder binne der noch in oantal lytsere eilantsjes lykas Eloaua en Emananus.

It klimaat is tropysk en fochtich. De eilannen binne biologysk sjoen tige ryk en hawwe ferskate endemyske fûgelsoarten.

De ynwenners binne Melaneezjers. Hja sprekke ien fan 'e saneamde Sint-Mattiastalen, wêrfan it Mussau-Emira it grutste tal praters hat. In grut part fan 'e befolking is lid fan 'e sândedeisadvintisten, dy't yn 'e jierren 1930 in grutte ynfloed krigen op 'e eilannen. Dat hat de lokale kultuer en libbenswize bot feroare (sa wurdt der bygelyks gjin bargefleis mear iten).

De ekonomy is ienfâldich en bestiet út selsfoarsjennende lânbou en fiskerij. Kopra (drûge kokos) is it wichtichste eksportprodukt. Toerisme is der hast net troch de isolearre lokaasje en brek oan foarsjennings.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Mattiaseilannen fan Wikimedia Commons.