Springe nei ynhâld

Sint-Martinustsjerke (Cuijk)

Ut Wikipedy
Sint-Martenstsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Lân fan Cuijk
plakCuijk
adresKerkstraat 8
koördinaten51°43' N 5°52' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom De Bosk
wijd oanMartinus fan Tours
Arsjitektuer
arsjitektCaspar Franssen
boujier1911-1913
boustylneogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer11622
Webside
www.martinuscuijk.nl
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martenstsjerke is in tsjerke mei in dûbele toer yn it Noardbrabânske plak Cuijk. De tsjerke stiet oan it Kerkplein tichteby de rivier de Maas. De tsjerke stiet op it plak fan twa Gallo-Romeinske timpels.

Haadalter

De Martinustsjerke is in tusken 1911 en 1913 boude neogoatyske krúsfoarmige basilyk mei twa tuorren neffens it ûntwerp fan Caspar Franssen. De toer fan 'e letgoatyske parochytsjerke bleau njonken it koer fan 'e nijbou stean. De ynterieurskilderingen fan 'e Martinustsjerke waarden ûntwurpen troch Hans Mengelberg en útfierd troch Johannes Cornelis Wilbrink. It retabel fan it heechalter, it saneamde Cuijk-retabel, waard yn 'e jierren 1891-1909 boud troch Hendrik van der Geld, mar nei de nijbou fan 1911-1913 yn 'e tsjerke set. Ek de sydalters en de bylden fan Petrus en Paulus binne fan Van der Geld.

Yn 1945 rekke de tsjerke swier skansearre troch Dútske militêre operaasjes oan 'e oare kant fan 'e Maas. De skea koe lykwols reparearre wurde (ynterieur en eksterieur). In grutte restauraasje fan 'e tsjerke sette yn 2009 útein en waard in 2011 foltôge.

Oargel.

It oargel yn 'e tsjerke waard tusken 1525 en 1650 yn 'e Waalske tradysje fan 'e 17e iuw boud troch Andries Severijn. It stie oarspronklik yn 'e Benediktynske abdij fan Sint-Laurent yn Luik, mar doe't de kleasters yn 1796 dêr fan 'e Frânsen sletten wurde moasten, kocht de Martinustsjerke yn Cuijk it oargel. Dêr waard it yn 1804 ynwijd. Sûnt dy tiid is it ferskate kearen restaurearre, benammen troch de oargelbouwerfamylje Smits. Yn 1913 waard it oargel op 'e nij ynstalleare yn 'e nije Martinustsjerke.

Restauraasjes waarden útfierd yn 1955 en 1992 troch de firma Verschueren. By de lêste yngreven restauraasje is it boarstwurk wer yn in nij rêchwurkkas set. De kas fan it haadwurk krige nij lofwurk. It ynstrumint waard doe safolle mooglik rekonstruearre neffens de sitewaasje fan 1650.

It oargel is fral geskikt foar it spyljen fan barokmuzyk.

It kariljon fan 'e tsjerke waard troch de Keninklike Klokkejitterij Petit & Fritsen út Aarle-Rixtel getten. Oarspronklik hong it kariljon fan 25 klokken yn 'e toer fan it gemeentehûs. Nei in riedsbeslút fan 2005 waard besletten om it ynstrumint te ferhûzjen nei de súdlike toer fan 'e Martinustsjerke. De trije besteande klokken foarmje de basis foar it nije kariljon. It ynstrumint transponearret in fearn omheech.

It kariljon is mei twa ekstra klokken útwreide yn 'e rige Es-F-G-As-Bes en it folsleine ynstrumint telt 51 klokken oansletten op it klavier ss Bes-C-D-chromatysk oant en mei in hege D. De klokken waarden yn 'e jierren 1951, 1955, 1956, 1957 en 2006 getten. De Es-klok is mei goed 1400 kg de swierste klok fan it Cuijkske kariljon.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: