Springe nei ynhâld

Sint-Martinustsjerke (Bermersheim)

Ut Wikipedy
Sint-Martinustsjerke

Kirche St. Martin

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plakBermersheim/Höhe
adresKirchgäßchen
koördinaten49° 46' N 8° 05' E
Tsjerklike gegevens
patroanhilligeMartinus fan Tours
Webside
Side protestantske gemeente
Kath. Pfarrgruppe Alzey-Land
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke (Dútsk: Kirche St. Martin) is in simultaantsjerke yn Bermersheim vor der Höhe yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De tsjerke is oer de regio hinne bekend om't dêr de hillige Hildegard fan Bingen doopt waard. De tsjerke stiet op in net mear brûkt tsjerkhôf, dêr't noch fjouwer barokke, 18e-iuwske grêfmonuminten fan oer binne.

It is net krekt bekend of dizze tsjerke al bestie doe't Sint-Hildegard yn Bermersheim doopt waard. De tsjerke is oan Martinus fan Tours wijd en wurdt sûnt de reformaasje troch katoliken en grifformearden brûkt. Letter waard de tsjerke yn 1707 allinnich oan de grifformearden tawiisd, mar yn 1719 waard op fersyk fan 'e abdis fan it kleaster Eibingen it mienskiplik gebrûk fan 'e tsjerke wersteld. Dat duorre mar eefkes want yn 1721 moasten de katoliken op 'e nij ôfstân dwaan fan it gebou. Doe't de tsjerke yn 'e jierren 1732-1733 op 'e nij troch katoliken brûkt wurde mocht, krigen de katoliken it mei de grifformearden oan 'e stôk en waarden de katolike alters fernield. De grifformearde besochten dêrnei om 'e nocht om de tsjerke allinnich foar harsels op te easkjen en bleau sûnt oant de dei fan hjoed in simultaantsjerke.

De eastlike toer datearret fan 1141, mar is faak ferboud. De sealtsjerke is jonger, mar stiet wol op âlde fûneminten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: