Sint-Martinustsjerke (Bitgum)

Ut Wikipedy
Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Bitgum
adres Buorren
koördinaten 53° 14' N 5° 41' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Toers
Arsjitektuer
boujier 1669-1672; toer midsiuwsk mei lettere feroarings
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28571 [1]
Webside
PKN-Bitgum e.o. Stifting Tsjerken Ingelum-Bitgum
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Fryslân)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke is in tsjerke yn Bitgum yn Fryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke (it skip) waard boud yn 1669-1672 op de fûneminten fan in midsiuwske tsjerke dy't yn 1669 ôfbrutsen wie en dy't foar de reformaasje wijd wie oan de hillige Martinus. De toer bleau stean mar waard wol feroare en fersierd mei bline nissen. Yn 1862 waard it sealtek fan de midsiuwske toer ferfongen troch in spits.

Tusken 1972 en 1980 binne tsjerke, toer en oargel restaurearre.

Om de tsjerke foar de takomst te behâlden is de tsjerke yn 2013 tagelyk mei de tsjerke fan Ingelum mei de begraafplakken en it lân oan de Stifting Tsjerken Bitgum en Ingelum oerdroegen.[2]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in geve ynrjochting út it midden fan de 17e iuw. De preekstoel is út it jier 1673. Ek it doophek en de mei fykwurk fersierde wangen fan de frouljusbanken datearje út dy tiid. Fierder is der in 18e-iuwske hearebank en in renêssânse epitaaf fan sânstien foar Joh. Onuphrius Schwartzenberg († 1584) en Maria von Grombach († 1564).

Van Oeckelen-oargel

Under it koar is de grêfkelder fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, inisjatyfnimmer ta de herbou fan de tsjerke. De grêfkelder is dutsen troch in stjerferwulft. Yn de grêfkelder stiet ek de kiste fan de Sweedske greve Gustaaf Carlson († 1708), in soan fan kening Karel X Gustaaf, dy't mei Isabella Susanna von Schwarzenberg († 1723) troud, dy't de earste stien foar de tsjerke lei.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1726 fan Christian Müller waard yn 1862 ferpleatst nei de Stefanustsjerke yn Westerbork. It nije oargel út 1862 fan Petrus van Oeckelen waard yn 1979 restaurearre troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • G. Abma, S. Lautenbach, R. van Tuinen "Toer en tsjerke fan Bitgum" (1980)
  • S. ten Hoeve "St Martinuskerk te Beetgum" (1980)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: