Sint-Martinuskatedraal (Lucca)
| Dom fan Sint-Martinus
Duomo di San Martino | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| adres | Piazza del Duomo | |
| koördinaten | 43°50' N 10°30' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| aartsbisdom | Lucca | |
| patroanhillige | Martinus | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1060–1204, 14e iuw | |
| boustyl | romaansk, gotyk | |
| Webside | ||
| Side bisdom | ||
| Kaart | ||
De domtsjerke Sint-Martinus (Italjaansk: Duomo di San Martino) is de katedraal fan it roomske aartsbisdom Lucca, Itaalje. It tsjerkegebou datearret fan it lêst fan 'e 11e iuw (1060–1204) en stiet yn 'e neite fan 'e súdlike stedsmuorre oan it domplein.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alde katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak waard yn 'e 6e iuw in tsjerke boud en oan it begjin fan 'e 8e iuw ferhûze de biskopssit fan 'e tsjerke fan San Reparto (dêr't hjoed-de-dei de tsjerke fan San Giovanni e Reparata stiet) nei it hjoeddeiske plak.

De kostberste relikwy yn Lucca, it Hillich Antlit fan Lucca, neffens de leginde útsnien troch in tiidgenoat fan Jezus, kaam troch in rige fan wûnderbaarlike barrens yn 782 yn 'e tsjerke.
De bou fan 'e hjoeddeiske katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e hjoeddeiske katedraal sette yn 1060 útein ûnder biskop Anselm (dy't letter paus Aleksander II wurde soe). De katedraal waard yn 1070 troch paus Aleksander ynwijd.
Mei de westlike gevel waard yn 1204 troch Guido Bigarelli fan Como útein set. It skip en de dwersskippen waarden yn 'e 14e iuw werboud yn 'e goatyske styl.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e oarspronklike tsjerke binne de grutte apsis mei syn hege kolomfoarmige arkades en de klokketoer oerbleaun. It skip en de dwersskippen binne 14e-iuwsk. De westlike gevel bestiet út in foarse portiko fan trije grutte bôgen mei dêrboppe trije rigen iepen en mei bylden fersierde galerijen.

Yn it skip is in lytse achthoekige kapel, dêr't it Hillich Antlit fan Lucca bewarre wurdt. De kapel waard yn 1484 troch Matteo Civitali boud, de meast ferneamde byldhouwer fan Lucca fan 'e iere renêssânse.
Dêrnjonken besit de katedraal de Madonna en Bern mei de hilligen Petrus, Klemens, Paulus en Sebastiaan fan Domenico Ghirlandaio; de Oanbidding fan 'e Keningen fan Federico Zuccari, it Lêste Jûnsmiel fan Jacopo Tintoretto en de Madonna en Bern mei Fra Bartolomeo (1509).
Opfallend is dat alle pylders fan 'e gevel ferskillend binne. Neffens in leginde organisearren de ynwenners fan Lucca in wedstriid foar de moaiste pylder en sa leveren alle keunsters in model fan in pylder. De ynwenners betochten doe dat it wol sa goedkeap wie om gjin pylders fan it winnende eksimplaar te bestellen en ynstee dêrfan alle modellen te brûken sûnder de keunstners te beteljen.
Labyrint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e rjochter pylder fan 'e portiko is in labyrint ynbrocht. Oannommen wurdt dat it út 'e 12e of 13e iuw stamt. It belang dêrfan is dat it mooglik âlder is as it ferneamde labyrint fan Chartres, mar wol itselde patroan hat as it labyrint fan Chartres, dat it standert waard foar labyrinten. De Latynske ynskripsje ferwiist nei de âlde heidenske mytology: "Dit is it labyrint boud troch Dedalus fan Kreta; elkenien dy't deryn gie, gie ferlern, útsein Theseus, tanksij Ariadne's tried" (HIC QUEM CRETICUS EDIT. DAEDALUS EST LABERINTHUS. DE QUO NULLUS VADERE. QUIVIT QUI FUIT INTUS. NI THESEUS GRATIS ADRIANE. STAMINE JUTUS).
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hillich Antlit.
- Oargel.
- Byld Sint-Martinus.
- Labyrint.
- Troanende Madonna fan Domenico ghirlandaio.
- Lêste Jûnsmiel fan Jacopo Tintoretto.
- Madonna mei Bern, Francesco Anguilla.
- Tombe Jacopo della Quercia.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
