Springe nei ynhâld

Sint-Martenskatedraal (Iper)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint-Martinuskatedraal (Iper))
Sint-Martenskatedraal
Lokaasje
lânflagge fan Belgje Belgje
GewestFlaanderen
ProvinsjeWest-Flaanderen
plakIper
adresSint-Martinusplein
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom Brugge (earder bisdom Iper)
aartsbisdomAartsbisdom Mechelen-Brussel
patroanhilligeSint-Marten
statusParochytsjerke; earder katedraal
Arsjitektuer
boujier13e iuw
weropbou foltôge yn 1930
boustylGotyk
hichte102 m
monumintale statusBeskerme monumint
Webside
www.kerknet.be
Kaart
Sint-Martenskatedraal (Belgje)
Sint-Martenskatedraal
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martenstsjerke (ek bekend as de Sint-Martenskatedraal) is in tsjerke yn 'e Belgyske stêd Iper yn 'e provinsje West-Flaanderen. De tsjerke wie fan 1561 oant 1801 de katedraal fan it âlde bisdom Iper. Troch it konkordaat tusken Napoleon Bonaparte en paus Pius VII waard it bisdom yn 1801 opheft en kamen de parochys ûnder it bisdom Gint te fallen. Sûnt de weroprjochting fan it bisdom Brugge yn 1833 heart Iper dêrby. Yn 'e folksmûle wurdt de tsjerke hjoed-de-dei noch altiten katedraal neamd.

Ynterieur.

De bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke yn letgoatyske styl sette om 1221 hinne útein, wêrby't earst it koer boud waard. De tsjerke ferfong in âldere, romaanske tsjerke út de 10e of 11e iuw. Yn 'e rin fan 'e 13e en 14e iuw waarden it dwersskip en it haadskip foltôge.

De tsjerke hat in lang koer mei in koeromgong. De westlike toer mei in hichte fan mear as 100 meter, waard pas yn 'e 15e iuw tafoege. Foar de Earste Wrâldkriich hie dizze toer in smellere en legere spits as de hjoeddeiske.

De Earste Wrâldkriich en de weropbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ferneatiging fan 'e Sint-Martenstsjerke.

Yn 'e Earste Wrâldkriich waard de stêd Iper folslein yn pún sketten troch de Dútske artillery. Ek de Sint-Martenstsjerke waard tusken 1914 en 1918 folslein ferneatige; oan it ein fan 'e oarloch stiene der allinnich noch in skansearre stik fan 'e toer en in pear muorren foar in part oerein.

Nei de oarloch waard besletten om de tsjerke lykas ek de ferneamde Lekkenhal fan Iper folslein neffens de âlde plannen wer op te bouwen. Dizze monumintale weropbou stie ûnder lieding fan 'e arsjitekt Jules Coomans en waard yn 1930 foltôge.

Ynterieur en keunstwurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek al is in grut part fan 'e oarspronklike tsjerkeskat yn 'e Earste Wrâldkriich ferlern gien, de tsjerke hat hjoed-de-dei wer in ryk ynterieur mei mear as tweintich skilderijen en ferskate keunstskatten.

It meast ferneamde skilderij is in grut doek fan Joris Liebaert út 1657 dat it Belis fan Iper yn 1383 ôfbyldet. Fierder hinget der wurk fan wichtige masters út de Flaamske skoalle en lettere tiid, wêrûnder:

  • Jozef Beke (De Dea fan Marije, 1768)
  • Joseph-Benoît Suvée (trije doeken út 1772-1777)
  • Matthijs De Visch
  • Victor Boucquet
  • Niklaas van de Velde (De Hillige Famylje by Sint-Anne, It Doopsel fan Klovis en De Krúsdraging)
  • Ernest Wante (It Lêste Jûnsmiel, 1931)


Belis fan Iper (1383)
Belis fan Iper (1383)


In bysûnder keunstwurk is it grutte roasfinster yn it suderdwersskip, dat tusken 1935 en 1938 makke waard troch de Ierske glêsskilder Wilhelmina Geddes. Dit finster, mei as tema de Godloovjende hymne Te Deum, wie in geskink fan 'e Britske troepen oan kening Albert I.

Byldhouwurk en grêfmonuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ynterieur falle ferskate grêfmonuminten op, benammen fan Iperske biskoppen út de 16e en 17e iuw.

De meast ferneamde biskop dy't hjir begroeven leit is Cornelius Jansenius († 1638), de grûnlizzer fan it jansenisme. Syn grêf yn it twadde koertravee is hiel ienfâldich markearre mei in nammeleaze flierstien dy't allinnich syn stjerjier oanjout.

De widdo fan kânsler Willem Hugonet, Louise de Laye († 1506), hat in grêfmonumint fan swart moarmer.

Foar de tombe fan deken Camille Delaere, dy't yn 'e Earste Wrâldkriich syn bêst die om safolle mooglik tsjerkeskatten te rêden, binne 17e-iuwske skulptueren fan Artus Quellinus de Jonge brûkt.

It koer en de kapellen binne fierder oanklaaid fykwurk en koperen Brabânske keunstwurken dy't nei de oarloch oanskaft of restaurearre binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Katedrale tsjerken yn Belgje
AartsbisdomSint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal)
BisdommenUs-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen)Sint-Salvatorkatedraal (Brugge)Sint-Baafskatedraal (Gint)Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt)Sint-Pauluskatedraal (Luik)Sint-Albanuskatedraal (Namen)Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik)
Eardere katedralenSint-Donatuskatedraal (Brugge)Sint-Lambertuskatedraal (Luik)Sint-Martinuskatedraal (Iper)Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy)
· · Berjocht bewurkje