Springe nei ynhâld

Sint-Martinusbasilyk (Tours)

Ut Wikipedy
Sint-Martenbasilyk

Basilique Saint-Martin

Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
regioCentre-Val de Loire
plakTours
adresRue Descartes, Parvis Jean Paul II
koördinaten47°23' N 0°40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomTours
patroanhilligeMartinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier1886-1925
boustylNeobyzantynske arsjitektuer
monumintale status histoarysk monumint
Webside
www.basiliquesaintmartin.fr
Kaart
Sint-Martinusbasilyk (Frankryk)
Sint-Martinusbasilyk

De Sint-Martenbasilyk is in oan Martinus fan Tours wijde tsjerke yn Tours, Frankryk, De tsjerke waard oer it grêf fan 'e biskop boud. De tsjerke is in basilica minor, in status dy't de tsjerke by de foltôging fan 'e paus krige. Paus Jehannes Paulus II brocht op 21 septimber 2021 in besite oan 'e basilyk.[1]

Skiednis basilyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste basilyk op it plak waard op it plak fan in eardere kapel yn 'e 5e iuw stifte en wijd yn 471. De tsjerke waard ynearsten betsjinne troch in mienskip fan muontsen ûnder de abt fan Sint-Marten. Tusken 796 en 804 wie dat abt Ealwyn, de adviseur fan Karel de Grutte. Flak foar dy tiid wie it kleaster feroare yn in kollegiale tsjerke mei in mienskip fan koarhearen, mar it amt en de titel fan abt bleaunen bestean.

Ynterieur.

De midsiuwske basilyk waard yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje folslein ferneatige. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1886 en 1924 troch de Frânske arsjitekt Victor Laloux (1850-1937) yn neo-Byzantynske styl boud op de troch de Roomsk-Katolike Tsjerke weromkochte lokaasje fan 'e orizjinele basilyk. De tsjerke waard op 4 july 1925 ynwijd.

De abdij dy't him om it grêf fan Sint-Marten yn Tours ûntwikkele waard ien fan 'e meast promininte en ynfloedrike kleasters fan it midsiuwske Frankryk. Karel de Grutte joech de posysje fan abt oan syn freon en adviseur Ealwyn. Yn dy tiid koe de abt frij tusken Tours en it hof yn Trier yn Dútslân reizgje en altiten oernachtsje op ien fan syn eigendommen. It wie yn Tours dat it skriptoarium fan Ealwyn it Karolingyske minuskel ûntwikkele, it standert skrift dat it mooglik makke manuskripten folle better te lêzen.

Tombe fan Sint-Martinus.

Letter waard de abdij ferskate kearen troch brân ferneatige en yn 853 en yn 903 troch Normandyske Wytsingen plondere. Yn 994 baarnde de abdij wer ôf en folge in werbou troch Hervé de Buzançais, de skathâlder fan Sint-Marten, in kerwei dat 20 jier duorre. De werbou wie grutter as earder om de grutte kliber pylgers oan te kinnen en it hillichdom waard in tige wichtige halte foar de pylgertochten. Tusken 1354 en 1368 waard in nije muorre boud sadat de abdij en de tsjerke binnen de muorren fan Tours foel. Yn 1453 waarden de oerbliuwsels fan Sint-Marten oerbrocht nei in prachtige nije skryn, dy't skonken waard troch Karel VII fan Frankryk en Agnès Sorel.

Mei de Frânske Godstsjinstoarloggen waard de basilyk yn 1562 plondere troch de hugenoaten. Yn 'e Frânske Revolúsje waard de tsjerke ûntwijd en brûkt as in stâl en dêrnei folslein ôfbrutsen. Om der wis fan te wêzen dat de abdij nea werboud wurde soe waarden oer de lokaasje fan 'e tsjerke twa strjitten oanlein. De bewurke stiennen fan 'e ôfbrutsen tsjerke waarden ferkocht.

Hjoeddeiske basilyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By opgravings yn 1860 troch Leo Dupont (1797–1876) waarden de ôfmjittings fan 'e eardere abdij fêststeld en guon fragminten fan arsjitektuer weromfûn. It grêf fan Sint-Marten waard op 14 desimber 1860 ek wer ûntdutsen. Dat holp by de 19e-iuwske weroplibbing fan 'e populêre ferearing fan Sint-Marten.

Nei de radikale Commune fan Parys (1871) wie der in weroplibbing fan konservative katolike frommens en de Roomsk-Katolike Tsjerke naam doe it beslút in nije basilyk foar Sint-Marten te bouwen. Se keazen Victor Laloux as arsjitekt. Hy keas net foar in neogotyk gebou, mar ûntwurp in miks fan romaanske en Byzantynske styl, soms definiearre as neo-Byzantynsk. De nije basilyk Sint-Marten waard op in diel fan syn eardere plak boud, dat de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 'e doetiidske eigners weromkocht. Yn 1886 waard útein set mei de bou en op 4 july 1925 wie de ynwijing.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica of Saint Martin, Tours