Springe nei ynhâld

Sint-Lesijtsjerke (Ravenstein)

Ut Wikipedy
Sint-Lesijtsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Oss
plak Ravenstein
adresSint Luciastraat 1
koördinaten51°47' N 5°39' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom De Bosk
patroanhilligeLesij fan Syrakuse
statussûnt 2016 bûten gebrûk
Arsjitektuer
boujier1735
boustylbarok
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer32337
Webside
luciakerk.nl
Kaart
Sint-Lesijtsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Lesijtsjerke

De Sint-Lesijtsjerke is in oan Lesij fan Syrakuse wijde, barokke tsjerke yn it Noardbrabânske fêstingstedsje Ravenstein. De tsjerke waard yn 2016 sletten en wurdt hjoed-de-dei beheard troch in stifting.

De tsjerke waard yn 1735 boud om in folle lytsere Jezuïtetsjerke út 1609 te ferfangen, dy't boud wie nei in grutte stedsbrân. De bou fan 'e hjoeddeiske wie mooglik mei de opbringst fan de saneamde Ravensteinske lotterij, in lotterij dy't yn 1729 troch Johan Frans van Willigen stifte wie om mei it jild katolike stiftingen mooglik te meitsjen.

It is de iennige katolike tsjerke yn 'e Noardlike Nederlannen, dy't yn 'e barokstyl boud waard. Dat koe om't yn dy tiid it Lân fan Ravenstein godstsjinstfrijheid hie en dêr katolike ynstellingen lykas tsjerken en kleasters boud wurde mochten. Yn 'e rest fan Nederlân mochten roomsen doe allinnich skûltsjerken ha. Yn dy tiid wie Ravenstein eigendom fan 'e greven fan Palts-Neuburg. De opdracht foar de bou waard jûn troch Karel III Filips fan de Palts en syn wapen is boppe de tagong fan 'e tsjerke te sjen.

Yn 2016 foel stúkwurk nei ûnder en it wie dúdlik dat der in renovaasje nedich wie. De tsjerke waard sletten en yn 2020 folge it beslút ta it ôfstjitten fan 'e tsjerke.[1]

De tsjerke is in fjouwerhoekige sintraalbou mei skeve hoeken en oan 'e bûtenkant nissen foar bylden. It skip hat in mansardetek. Tsjin it útboude koer stiet de achthoekige toer.

Ynterieur en oargel.

It ferwulft is fan stúkwurk mei in moderne beskildering fan Jos ten Horn en Piet Koppens. It heechalter, de preekstoel, de bychtstuollen en de banken datearje út de boutiid. De sydalters binne yn 'e 2e helte fan 'e 20e iuw ôfbrutsen. Fierder binne der tolve, begjin 20e-iuwske apostelbylden, in Marijebyld út likernôch 1500 en keunstwurken fan 'e Nederrynske Skoalle. Yn 'e tsjerke is it grêf fan Johan Frans van Willigen en syn frou Maria. De tsjerkeskat bestiet fral út 18e-iuwsk sulverwurk.

It oargel waard nei alle gedachten om 1735 hinne boud troch Matthijs van Deventer. Franciscus Cornelius Smits wreide it oargel yn 1834 en 1866 út.

Fan 'e tsien brânskildere ramen wurde der fiif taskreaun oan C. Bellot, dy't út de jierren 1929-1930 datearje. De fiif oare ramen binne fan 1946. De ûntwerper is Piet Koppens, dy't foar dy opdracht mei Pierre van Rossum gearwurke. Der wurdt sein dat fanwegen de beheinde middelen nei de Twadde Wrâldkriich der foar in ienfâldich ûntwerp keazen moast. De útfiering wie yn hannen fan Gérard de Bresser.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: