Sint-Lambertustsjerke (Rotterdam)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sint-Lambertustsjerke

Sint-Lambertuskerk

Lambertuskerk - Rotterdam - 20399730 - RCE.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Rotterdam wapen.svg Rotterdam
adres Oostzeedijk Beneden 3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1875-1878
arsjitekt Albert Margry
boustyl Neogotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 506428 [1]
webside Side Lambertustsjerke

De Sint-Lambertustsjerke op de hoeke Beneden Oostzeedijk/Hoflaan is in roomske tsjerke yn de wyk Kralingen yn Rotterdam. De tsjerke is in ryksmonumint en ien fan de lêste neogoatyske tsjerken fan de stêd dy't noch brûkt wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn de jierren 1875-1878 boud neffens in neogoatysk ûntwerp fan Evert Margry, in learling fan Pierre Cuypers. De nijbou ferfong in âldere tsjerke út 1802-1830.Op 26 juny waard de tsjerke wijd oan de hillige Lambertus, patroanhillige fan Kralingen.

De tsjerke wie fan binnen ynearsten ienfâldich, mar it ynterieur waard yn 1903 yn it ramt fan it jubileum fan de pastoar beskildere mei bibelske foarstellings. Yn de jierren 1920 waard de tsjerke útboud mei sydskippen. By it bombardemint op Rotterdam yn 1940 waard de tsjerke net skeind.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Yn 1969 binne der modernisearrings útfierd. De preekstoel, de kommunybank en de oarspronklike banken binne doe ferwidere. Ek waarden de oan Marije en de Hillige Famylje wijde sydalters ôfbrutsen en de romte rjochts fan it haadalter waard ynrjochte as doopkapel. De tsjerke bleau lykwols foar in grut part oarspronklik. It middenskip en it dwersskip hawwe in beskildere houten ferwulft, wylst de sydskippen stiennen gewelven hawwe. Yn it koer binne de oarspronklike brânskildere ramen noch oanwêzich. Tsjin de muorren fan it middenskip steane grutte bylden fan de apostels. Oan de triomfbôge boppe it alter is it Laam Gods mei de fjouwer evangelisten skildere. De tsjerke hat in skildere krúswei fan de Flaming F. van Beers út likernôch 1900. De oarspronklike doopkapel is tsjintwurdich wijd oan Us Leaffrouwe fan Lourdes.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It twamanualige oargel mei frij pedaal waard yn 1900 troch de firma Maarschalkerweerd & Soan út Utert boud. Ferskate oargelbouwers feroaren de disposysje nei 1950. By in restauraasje troch de firma Vermeulen út Weert yn 1982 krige it ynstrumint de oarspronkliklike disposysje werom. Allinne de oarspronklike Dolce 8′ kaam net werom op it swelwurk, yn stee dêrfan waard in Quintadeen 8′ yn Maarschalkerweerd-faktuer set. Op 19 septimber 1982 waard it oargel wer yn gebrûk nommen. Yn 2001 fûn in revyzje fan it oargel plak troch Nico van Duren. Dêrby binne de membranen fernijd. De reekskea as gefolch fan in brân yn de sakristy fan 2007 waard fuort yn oarder makke, alle roet en stof waard ferwidere en it oargel waard optimaal stimd.[2]

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de twa klokken foardere troch de besetter. Yn 1947 skonken de parochianen twa nije klokken. Yn de toer hingje twa lûdklokken mei de toanen G' en D'. Yn de tsjerke yn it noardlike Marijekoer is in lytse klok, dy't eartiids nei alle gedachten yn de krusingstoer hong.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: