Springe nei ynhâld

Sint-Lambertuskatedraal (Luik)

Ut Wikipedy
Sint-Lambertuskatedraal
Cathédrale Notre-Dame-et-Saint-Lambert
De Lambertuskatedraal foar de ôfbraak.
De Lambertuskatedraal foar de ôfbraak.
Lokaasje
lânflagge fan Belgje Belgje
gewestWalloanje
provinsjeLuik
plakLuik
adresPlace Saint-Lambert
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolyk
bisdomLuik
aartsbisdomMechelen-Brussel
patroanhilligeSint-Lambertus
wijd oanUs-Leaffrou en Sint-Lambertus
Arsjitektuer
boujierSûnt 1185
sloopjier17941814
boustylgotyk
hichte134 meter (haadtoer)
Kaart
Sint-Lambertuskatedraal (Luik-Sintrum)
Sint-Lambertuskatedraal

De Sint-Lambertuskatedraal yn 'e Belgyske stêd Luik, folút de Katedraal fan Us-Leaffrou en Sint-Lambertus (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame-et-Saint-Lambert) wie de haadtsjerke fan it prinsbisdom Luik. De tsjerke wie wijd oan 'e hillige Lambertus fan Maastricht. De earste foargonger fan 'e tsjerke stamme nei alle gedachten út de 8e iuw. De katedraal waard ferskate kearen op 'e nij boud, foar it lêst sûnt 1185 yn goatyske styl. It gebou waard yn 'e Luikske Revolúsje (1789-1795) en yn 'e jierren fan 'e Frânske besetting (1794-1814) ôfbrutsen troch Luikske sympatisanten fan 'e Frânske Revolúsje. Hjoed-de-dei leit op dat plak it Place Saint-Lambert en (ûnder de grûn) it museum it Archéoforum.

Foarkristlike bewenning en de moard op Lambertus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de bou fan 'e earste tsjerke wie der op dit plak al bewenning. By archeologyske opgravings yn 'e 20e iuw binne resten fûn fan in grutte Gallo-Romeinske filla út de earste iuw nei Kristus. Dy filla stie sûnt it jier 300 leech.

Yn 'e 7e iuw waard op 'e lokaasje in nij gebou set, dat troch de biskoppen fan Maastricht as (tydlik) ûnderkommen brûkt waard. Dit is frij wis it plak dêr't biskop Lambertus fan Maastricht omtrint it jier 700 fermoarde waard troch de mannen fan Dodo, in rintmaster fan Pepyn fan Herstal. Dit wie nei alle gedachten in wraakmoord, om't meistanners fan Lambertus flak foar dy tiid Dodo ombrocht hiene.

Fan Martyrium nei Karolingyske katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it plak fan 'e moard liet Lambertus syn opfolger, Hubertus fan Luik, in lyts tsjerkje bouwe ta eare fan Lambertus. De resten fan Lambertus waarden troch Hubertus fan Sint-Piter (by Maastricht) nei it nije martyrium yn Luik oerbrocht. Koart dêrnei, yn 722, ferhûze de biskopssit fan Maastricht offisjeel nei Luik.

Yn 'e Karolingyske tiid (9e iuw) waard it martyrium omboud ta in grutte tsjerke fan wol 70 meter lang. Oan dizze tsjerke wie ek in kleastermienskip ferbûn. Yn 881, by in plondering troch Wytsings, baarnde it kleaster hielendal ôf, mar it waard letter wer opboud.

De Ottoanske en romaanske katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Ottoanske katedraal foar 1015.

Yn 972 waard de kleastermienskip troch Notger, de earste prinsbiskop fan Luik, omfoarme ta in wrâldsk kapittel fan sechtich kanunniken. Om it jier 1000 hinne begûn prins-biskop Notger mei de bou fan in grutte ottoanske katedraal. Dy hie twa koeren, twa dwersskippen, in grutte krypt mei it grêf fan Sint-Lambertus en twa fjouwerkante tuorren. De arsjitektuer slette oan by de grutte Dútske keizerstsjerken.

Tusken 1140 en 1180 waard de tsjerke ferboud yn in Maaslânske fariaasje fan 'e romaanske boustyl. Ut fynsten fan byldhouwurk docht bliken dat it ien fan 'e grutste en moaiste tsjerken fan 'e regio west hawwe moat. Yn 1185 ferneatige in grutte brân lykwols in grut part fan dit gebou.

De Goatyske katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De goatyske katedraal yn 1640.

De bou fan in grutte goatyske katedraal sette yn 1194 ;utein en wie yn 1431 hielendal foltôge. De katedraal wie ien fan 'e earste grutte goatyske kathedralen bûten Frankryk, boud op 'e fûneminten fan 'e ôfbaarnde tsjerke. Oan 'e westkant stiene twa tuorren fan tachtich meter heech, mar it meast opfallend wie de grutte súdeastlike toer fan 134 meter heech. Fuort njonken de katedraal stie it paleis fan 'e Prins-biskoppen, dat bewarre bleau en hjoed-de-dei tsjinst docht as it rjochtsgebou fan Luik.

Notre-Dame-aux-Fonts

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt njonken de katedraal stie noch in folle lytsere tsjerke: de Notre-Dame-aux-Fonts (Us-Leaffrou-fan-it-Doopfont). Foar dizze spesifike dooptsjerke makke de keunstner Reinier fan Hoei yn 'e tolfte iuw in ferneamd brûzen doopfont. Tagelyk mei de katedraal waard yn 'e revolúsjonêre tiid ek de dooptsjerke ôfbrutsen. It bysûndere doopfont is doe gelokkich bewarre bleaun en stiet hjoed-de-dei yn 'e Sint-Bartoloméustsjerke yn Luik.

Cesar fan Hoensbroech, de lêste prins-biskop fan Luik.

De Luikske Revolúsje tsjin de prins-biskop fûn plak yn augustus 1789, mar in pear wiken nei de Frânske Revolúsje. De prins-biskop, Cesar fan Hoensbroeck (1724-1792), waard ferdreaun, mar kaam begjin 1791 werom, wêrmei't der in ein kaam oan 'e Luikske Republyk (1789-1791).

De ôfbraak fan 'e katedraal, it symboal fan 'e prins-biskoplike macht, begûn yn 'e twadde faze fan 'e Luikske Revolúsje, dy't yn 1794 oergie yn 'e Frânske Tiid. Ein novimber 1792 waard Luik ynnommen troch Frânske revolúsjonêren yn 'e Earste Koalysje-oarloch, mar hja moasten harren nei in pear moannen alwer weromlûke. Hoewol't it inisjatyf foar de sloop fan 'e katedraal fan 'e revolúsjonêre ynwenners sels kaam, waarden de plannen pas effektyf útfierd doe't de Frânsen yn 1794 weromkamen.

De ôfbraak fan 'e katedraal.

In spesjale ferneatigingskommisje (Commission destructive de la cathédrale) krige de opdracht om it lead fan 'e dakken te heljen. Dat lead (en ek it koper) waard brûkt om wapens en munysje te meitsjen foar de Frânske oarlochfiering. Yn in rapport út novimber fan dat jier wurdt sprutsen oer in levering oan 'e Frânsen fan 298.200 pûn lead en 44.818 pûn koper.

De grutte toer waard yn july 1795 ôfbrutsen en de twa westlike tuorren folgen yn 1803. Om 1815 hinne, oan 'e ein fan 'e Frânske besetting, wie de sloop fan it grutte bouwurk min of mear klear. It terrein waard yn 1827 sljochte, mar it opromjen fan 'e alderlêste resten (in passaazje tusken de katedraal en it Prins-biskoplik Paleis) duorre noch oant 1929. Skiedkundigen ferlykje de symboalyske wearde fan it ferneatigjen fan 'e katedraal fan Luik wol mei dy fan 'e ûnthalzing fan Loadewyk XVI yn Parys.

Wat der oerbleau wie letterlik en figuerlik in gat yn it hert fan 'e stêd. It duorre desennia foardat it nije plein in nije bestimming krige. It lege plak dêr't de katedraal ea stie, hjit hjoed-de-dei it Place Saint-Lambert.

Yn 'e rin fan 'e 20e iuw binne der op it plak fan 'e eardere katedraal ferskate archeologyske opgravings útfierd. Under oaren waarden resten fan 'e fûneminten, flierren en it opgeande muorrewurk ûntdutsen fan 'e goatyske katedraal en har ferskate foargongers. De opgravings waarden konservearre en transformearre ta it ûndergrûnske museum Archéoforum, dat yn 2003 de doarren iepene. Yn it museum is in ferskaat oan byldhouwurk en oare archeologyske fynsten te sjen, dy't ôfkomstich binne út de goatyske katedraal en de foargongers. Ek yn it museum Grand Curtius wurde fynsten fan 'e Sint-Lambertuskatedraal útstald, wêrûnder in Karolingysk reliëf, dat mooglik in restant west hat fan in koerrôfskieding.

In part fan 'e tsjerkeskat fan 'e Sint-Lambertuskatedraal koe yn 1794 flak foar de (twadde) ynname fan Luik troch de Frânsen yn feiligens brocht wurde yn Hamburch. Dy keunstskatten wurde hjoed-de-dei útstald yn 'e Skatkeamer fan 'e katedraal fan Luik, dy't ûnderbrocht is yn 'e krúsgong fan 'e Sint-Pauluskatedraal. Ta de topstikken hearre kostbere stoffen út de iere en hege midsiuwen (wêrûnder twa lykwaden fan Sint-Lambertus en de kazufel fan David fan Boergonje), twa ivoaren reliëfs út de alfte iuw, de relykhâlder fan Karel de Stoute út 1468 en de relikwybuste fan Sint-Lambertus út omtrint 1510. Ek in pear bylden en skilderijen koene út de âlde katedraal rêden wurde en binne letter oerbrocht nei de nije katedraal. Dêrûnder is in Marije-Himelfeart fan Gerard de Lairesse, in doek dat oant 1794 diel útmakke fan it barokke heechalter fan 'e Sint-Lambertuskatedraal.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Lambertuskathedraal


Katedrale tsjerken yn Belgje
AartsbisdomSint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal)
BisdommenUs-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen)Sint-Salvatorkatedraal (Brugge)Sint-Baafskatedraal (Gint)Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt)Sint-Pauluskatedraal (Luik)Sint-Albanuskatedraal (Namen)Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik)
Eardere katedralenSint-Donatuskatedraal (Brugge)Sint-Lambertuskatedraal (Luik)Sint-Martinuskatedraal (Iper)Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy)
· · Berjocht bewurkje