Springe nei ynhâld

Sint-Klemenstsjerke (Waalwijk)

Ut Wikipedy
Sint-Klemenstsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Waalwijk
plak Waalwijk
adres Loeffstraat 26
koördinaten 51°41' N 5°05' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bisdom De Bosk
patroanhillige Klemens I
ôfstjitten 2019
Arsjitektuer
arsjitekt J. van Groenendael
boujier 1896
boustyl neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38198
Kaart
Sint-Klemenstsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Klemenstsjerke

De Sint-Klemenstsjerke is in trijeskippige krúsbasilyk yn neogoatyske styl oan 'e Loeffstraat 60 yn 'e eardere gemeente Baardwijk, hjoed-de-dei Waalwijk. It gebou is in ryksmonumint.

It eardere ynterieur fan 'e tsjerke (2012)

De Sint-Klemenstsjerke waard yn 1896 foar de parochy boud njonken de doetiidske wettersteatstsjerke. Troch it kalvinistyske ferline fan Baardwijk mocht dêr earder gjin opfallende roomske tsjerke boud wurde.

De tsjerke waard oan paus Klemens I wijd. Syn byld is boppe de haadyngong oanbrocht. Njonken de tsjerke stiet in Hillich-Hertstânbyld fan Jezus. De arsjitekt fan 'e tsjerke is Jacques van Groenendael, dy't de tsjerke mei in budzjet fan 69.837 gûne bouwe moast. De toer waard yn 'e jierren 1980 restaurearre.

Healwei de jierren 1990 drige al sluting foar de tsjerke, mar dat foel net goed by de parochianen. De tsjerke is doe restaurearre. Nei in fúzje mei de Sint-Bernadetteparochy en it sluten fan dy tsjerke, waard it oargel fan dy tsjerke yn in sydskip fan 'e Sint-Klemenstsjerke set.

De tsjerke bleau nei de fúzje mei de parochy fan 'e Sint-Jânstsjerke yn gebrûk, mar krige yn 2017 de status fan kapel. Yn 2019 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst en sûnt 2018 te keap set.

De ferkochte tsjerke sil in nije funksje as wenkompleks ûnder de namme ClemensStaete krije. It projekt omfiemet de transformaasje fan 'e monumintale tsjerke ta 17 apparteminten, elk mei in eigen terras, balkon of loggia en in parkearplak. De eardere pastorije wurdt ôfbrutsen en ferfongen troch in nij gebou mei apparteminten. Boppedat wurde der súd fan 'e tsjerke nije apparteminten mei de namme De Refter boud. In fjirde gebou, it Kapittelhuis, sil plak biede oan soarchwenten foar âlderein, ynklusyf in mienskiplike kleastertún.[1][2]

It ûntwerp fan it projekt hâldt rekken mei it religieuze karakter fan 'e tsjerke. It middenskip bliuwt iepen, sadat de brânskildere ramen en de ferwulften sichtber bliuwe. De preekstoel en oare religieuze saken bliuwe bewarre.

Njonken it Verschueren-oargel (1968) fan 'e yn it jier 2000 sletten Bernadettetsjerke hie de tsjerke al in oargel op it oksaal, dat yn 1957 troch de bruorren Vermeulen út Weert boud is.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: