Springe nei ynhâld

Sint-Katarinatsjerke (Heusden)

Ut Wikipedy
Sint-Katarinatsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Heusden
plakHeusden
adresHert. Johanna van Brabantstr. 13
koördinaten51°43'N 5°8'E
Tsjerklike gegevens
patroanhilligeKatarina fan Aleksandrje
ôfstjitten2018
Arsjitektuer
arsjitektN. van der Laan en W. Hansen
boujier1950
Kaart
Sint-Katarinatsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Katarinatsjerke
Net te betiizjen mei de Grutte of Sint-Katarinatsjerke, in oar tsjerkegebou yn Heusden.

De Sint-Katarinatsjerke in in eardere roomske parochytsjerke fan it Noard-Brabânske stedsje Heusden.

De skiednis fan 'e parochy giet werom op dy fan 'e Grutte- of Sint-Katarinatsjerke, dy't nei de reformaasje yn 1579 fan 'e roomsken ôfnommen waard en sûnt protestantsk is. Katoliken moasten doe nei Bokhoven, de kapel fan kastiel Onsenoort of Drunen, dat pas sûnt 1648 ûnderdiel fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen waard.

Sûnt 1692 mochten de katoliken in skûltsjerke brûke. Yn 1739 waard dy skûltsjerke fergrutte. Oant 1841 bleaune de katoliken dy tsjerke brûken, doe't in nije wettersteatstsjerke ynwijd waard. Dy stie op 'e hoeke Herptsestraat/Roomsche Kerkstraat. Yn novimber 1944 waard de tsjerke mei oare gebouwen yn Heusden troch Dútske troepen opblaasd.

De nije tsjerke waard boud op it plak dêr't eartiids in foarboarch fan it kastiel Heusden lei. Dy nije tsjerke waard op 25 maaie 1950 ynwijd en yn 1960 krige de tsjerke in toer. Arsjitekt fan 'e nijbou wie Nico van der Laan en de yn 'e basilikastyl boude tsjerke in ier foarbyld fan 'e saneamde Bossche School.

De tsjerke waard yn 2018 foar de earetsjinst sletten en dêrnei folge in ferbouwing fan 'e tsjerke ta in appartemintekompleks, dy't yn 2021 foltôge waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: