Sint-Judokustsjerke (Hernen)
| Sint-Judokustsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | Hernen | |
| koördinaten | 51°50' N 5°40' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | De Bosk | |
| patroanhillige | Judokus | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Petrus Stornebrink | |
| boujier | 1891-1892 | |
| boustyl | neoromaanse arsjitektuer | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 9312 | |
| Webside | ||
| detwaalfapostelen.nl | ||
| Kaart | ||
De Sint-Judokustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn it Gelderske plak Hernen. De tsjerke stiet sintraal oan 'e doarpsstrjitte fan Hernen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1398 waard Hernen in selsstannige parochy nei't der al 30 jier earder in kapel boud wie, dy't doe ûnder de parochy Leur foel. Ek yn dy tiid stie de kapel al foar it kastiel fan Hernen oer.
De katolike tsjerke waard yn 'e Tachtichjierrige Kriich oan 'e protestanten oerdroegen, mar om't de ynwenners fan Hernen trou oan it katolike leauwe bleanen, waard dy tsjerke selden brûkt. De roomsen koenen foar it fieren fan 'e misse te plak op it kastiel, dêr't in skûltsjerke ynrjochte wie troch Maria fan Wijhe, de eigner fan it kastiel dy't likemin mei de reformaasje op it protestantske leauwe oergien wie.
Op 7 novimber 1800 krigen de katoliken de tsjerke werom en om 't de protestanten de tsjerke fan Leur holden, waard it parochygebiet fan Hernen mei it doarp Leur útwreide. Dat brocht ek mei dat de tsjerke te lyts wie foar de ek nochris groeiende befolking, sadat de âlde tsjerke fergrutte wurde moast.
Oan 'e ein fan 'e 19e iuw folge nei it werstel fan 'e biskoplike hierargy yn Nederlân de bou fan in soad nije katolike tsjerken en sa ek yn it Lân fan Maas en Waal. Yn é jierren 1891-1892 waard de hjoeddeiske tsjerke fan Hernen boud en yn 1893 folge de ynwijing.
De toer waard yn 1990 restaurearre en yn 2008 is de tsjerke yngreven restaurearre.[1]
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke is in neoromaanske basilyk fan 'e yn Wurdum berne arsjitekt Petrus Stornebrink yn krúsfoarm mei in healrûne apsis tsjin it koer en oan 'e ein fan 'e sydskippen en in healrûne, apsiseftige tagong. De toer hat fjouwer ferdjippingen. Yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan 'e tsjerke skonk de befolking de tsjerke fjouwer nije brânskildere ramen. By it 125-jierrich jubileum is de tsjerke ferrike mei 2 grutte ramen tusken de Marijekapel en tsjerke.[2]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It twamanualige oargel mei haadwurk en posityf waard yn 1856 boud troch W. Rütter út Kevelaer. De bruorren Gradussen út Winssen bouden it oargel yn 'e hjoeddeiske tsjerke op. It oargel bleau oant 1956 yn 'e oarspronklike steat. Yn dat jier restaurearre Verschueren út Heythuysen it oargel, wêrby't de disposysje feroare en útwreide en in frij pedaal tafoege waard. Yn 2023-2024 fûn in restauraasje fan it oargel plak, wêrby't it oargel foar in part yn 'e sitewaasje fan 1856 werom brocht waard.[3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
