Springe nei ynhâld

Sint-Joariskatedraal (Jeruzalim)

Ut Wikipedy
Sint-Joariskatedraal

St. George's Cathedral

Lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
adresNablus Road 20
koördinaten31°47' N 35°13' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipAnglikanisme
bisdomJeruzalim
Arsjitektuer
arsjitektGeorge Jeffery
boujier19e iuw
boustylneogotyk
Webside
Anglikaanske bisdom
Kaart
Sint-Joariskatedraal (Jeruzalim)
Sint-Joariskatedraal

De Sint-Joariskatedraal (Ingelsk: St. George’s Cathedral) is in anglikaanske katedraal yn Jeruzalim. De katedraal waard stifte yn 1899 en is de sit fan 'e biskop fan Jeruzalim fan 'e Episkopale Tsjerke yn Jeruzalim en it Midden-Easten. De tsjerke stiet op in twahûndert meter fan 'e Grêftún, in wichtich beafeartsplak foar anglikanen en oare protestanten.

De katedraal yn de jierren 1930.

De skiednis fan it anglikanisme yn Jeruzalim giet werom op 1841, doe't Grut-Brittanje tegearre mei Prusen in mienskiplik protestantsk bisdom stifte. As earste anglikaanske biskop waard Michael Salomo Alexander nei Jeruzalim stjoerd. Yn 1845 waard it earste tsjerkegebou, de Christ Church by de Jaffa-poarte, yn gebrûk nommen. De opfolger fan 'e earste biskop, Samuel Gobat, stifte yn 1846 protestantske gemeenten, skoallen, sikehûzen en opfangsintra yn Jeruzalim, Betlehem, Jaffa, Nablus en Nazaret.

Nei't der in ein kaam oan it mienskiplike Ingelsk-Prusyske bisdom yn 1881 waard de earste stien lein foar de Sint-Joariskatedraal. Nei in boutiid fan sân jier waard de neffens in ûntwerp fan George Jeffery boude katedraal yn 1898 troch biskop Blyth ynwijd. De katedraal waard ferneamd nei Joaris, dy't soldaat wie yn Palestina en ûnder de kristenferfolgings fan Diokletianus yn it jier 303 de martlersdea stoar.

De katedraal waard yn 'e Earste Wrâldkriich ynnommen troch de Turkse troepen en as haadkertier ynrjochte. De Turkske generaal, Cemal Pascha, bewenne de residinsje fan 'e biskop. Yn de residinsje waard op 9 desimber 1917 de kapitulaasje ûndertekene en dêrnei waard de katedraal nei trije jier ticht west te ha wer iepene.

De katedraal wurdt tsjintwurdich troch Palestynske anglikanen en troch de Ingelske anglikanen brûkt.[1]

Foar de tsjerke stiet bûten in grutte pylder út de byzantynske tiid, dy't bekroand wurdt mei in romeinske kûgel en in Byzantynsk krús.

It kompleks is yn 'e Ingelske Windsor-gotyk boud en bestiet njonken de tsjerke út in wente foar de biskop en dekaan, in jongesskoalle en in foarmingsynstitút foar folwoeksenen. Fierder is der in pylgershûs en in tún mei bibelske planten. Op 'e grûn fan it bisdom stiet ek de St. George’s School, in middelbere skoalle foar jonges.

De frijsteande toer fan 'e trijeskippige tsjerke waard yn 1911 ta oantinken fan kening Edward VII boud.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. George’s Cathedral (Jerusalem)