Sint-Joachimtsjerke (De Moer)
| Sint-Joachimtsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | De Moer | |
| adres | Middelstraat 26 | |
| koördinaten | 51°37' N 5°00' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom De Bosk | |
| patroanhillige | Joachim | |
| ôfstjitten | 2025 | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Cornelis van Hoof | |
| boujier | 1902 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 524407 | |
| Webside | ||
| parochiewillibrord.nl | ||
| Kaart | ||
De Sint-Joachimtsjerke is in neogoatysk tsjerkegebou yn it Noard-Brabânske doarp De Moer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sint-Joachimstsjerke waard boud as ferfanging fan in tydlike houten needtsjerke, dy't yn 1894 set wie nei't it doarp in selsstannige parochy waard. De ynwenners foelen foar dy tiid ûnder de parochy Loon op Zand. De arsjitekt fan 'e nijbou is C.F. van Hoof.
De yn 1902 foltôge tsjerke waard oan Sint-Joachim wijd om't de broer fan 'e doetiidske pastoar, dy't kapelaan west hie en jong ferstoar, ek dy namme hie. Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skansearre, wêrtroch't dielen fan it ferwulft ferfongen wurde moasten en it kleurrike ynterieur foar in part ferdwûn.
Yn 2024 waard besletten om nei de Martlers fan Gorkumtsjerke yn Kaatsheuvel ek de Joachimtsjerke fan De Moer te sluten fanwegen de tebekrinnende tsjerkegebou.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke is in krúsfoarmige bakstiennen tsjerke mei in westlike toer. De tsjerke is in ryksmonumint. Oan 'e súdlike kant fan it koer stiet bûten in Hillich Hertbyld.
It ynterieur bestiet foar in part út objekten fan it atelier fan Jan Custers út Eindhoven. Dêrûnder falle it haadalter en de sydalters fan kalkstien út 1902 en 1906, in byld fan Antonius fan Padua út 1906 en de mei kalkstiennen reliëfs fersierde preekstoel út 1931. De krúswei stamt út 1935.
Njonken de tsjerke stiet de eardere pastorij út 1895, dat lykas de tsjerke in ryksmonumint is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
