Springe nei ynhâld

Sint-Jehannestsjerke (Gassel)

Ut Wikipedy
Sint-Jehannes de Dopertsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Lân fan Cuijk
plakGassel
adresJulianaplein
koördinaten51°44'N 5°46'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomDe Bosk
patroanhilligeJehannes de Doper
Arsjitektuer
boujier12e iuw
boustylgotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer526041
Webside
www.st-elisabethparochie.nl
Kaart
Sint-Jehannestsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Jehannestsjerke

De Sint-Jehannes de Dopertsjerke of Sint-Jânstsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn Gassel yn 'e Noard-Brabânske gemeente Lân fan Cuijk. De tsjerke stiet oan it Julianaplein 1 en is wijd oan Jehannes de Doper.

De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1875 nefens in ûntwerp fan J. Werten boud. De hjoeddeiske neogoatyske tsjerke ferfong in goatyske tsjerke.

Op 27 maaie 2003 waard it tsjerkegebou opnommen yn it ryksmonuminteregister.

De tsjerke is foar it grutste part ynrjochte mei 19e-iuwsk neogoatysk meubilêr. In byld fan Jehannes de Doper datearret fan it lêste fearn fan 'e 18e iuw.[1]

Smits-oargel.

It oargel fan 'e tsjerke is âlder as de tsjerke sels en waard yn 'e jierren 1846-1847 boud troch Fransicus Cornelius Smits út Reek. Alhoewol't de oargelbouwer in oargel mei in haadwurk en in ûnderposityf foar eagen hie, levere hy in oargel mei allinnich in haadwurk. De wynlade en it piipwurk foar it ûnderposityf bleaune reservearre. Yn 1997 krige de firma Verschueren de opdracht om it oargel te restaurearjen. De plannen foar it foltôgjen fan it posityf waarden net útfierd. Op 6 maaie 2001 is it oargel wer yn gebrûk nommen.

Oars as wenst is de Jehannestsjerke in net-oriïntearre neogoatyske tsjerke. De fan reade bakstien hat de toer op it suden en it koer op it noarden. De trijeskippige tsjerke is fjouwer traveeën lang en hat in trijesidich sletten koer fan ien travee.

De toer wurdt oan beide kanten foar in part omklamme troch de sydskippen. De fjouwerlidde toer hat opinoar lizzende diagonale steunbearen en wurdt bekroand troch in leech piramidetek omklamme troch in balustrade mei pinakels op 'e hoeken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: