Springe nei ynhâld

Sint-Jehanneskatedraal (Toruń)

Ut Wikipedy
Katedrale basilyk fan Jehannes de Doper en Jehannes de Evangelist
Bazylika katedralna św. Jana Chrzciciela i św. Jana Ewangelisty
De Sint-Jehanneskatedraal yn Toruń
De Sint-Jehanneskatedraal yn Toruń
Lokaasje
lânPoalen
WoiwodskipKoelaavje-Pommeren
PowiatToruń (stêdskontekst)
plakToruń
adresul. Żeglarska 16, 87-100 Toruń
koördinatenBerjocht:Coord
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomToruń
aartsbisdomGdańsk
patroanhilligeJehannes de Doper
Jehannes de Evangelist
statuskatedraal, basilica minor
Arsjitektuer
arsjitektHans Gotland (û.o.)
boujierca. 1260 - 1500
boustylBakstiengotyk
hichte52 m (toer), 27,3 m (skip)
monumintale statusUNESCO Wrâlderfgoed
monumintnûmerA/377
Webside
katedrajanow.pl
Kaart
Sint-Jehanneskatedraal (Poalen)
Sint-Jehanneskatedraal
De katedraal yn Toruń

De Sint-Jehanneskatedraal of de Katedrale basilyk fan Jehannes de Doper en Jehannes de Evangelist (Poalsk: Bazylika katedralna św. Jana Chrzciciela i św. Jana Ewangelisty, Dútsk: Dom St. Johannes), yn 'e Poalske stêd Toruń is de katedraal fan it bisdom Toruń. Dizze katedraal leit yn 'e binnenstêd fan Toruń, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De tsjerke hat dielen dy’t boud binne yn goatyske styl en yn barokstyl. In diel fan de alters is barok. It eksterieur fan 'e tsjerke is in foarbyld fan 'e bakstiengotyk.

De âldste dielen fan 'e tsjerke datearje fan 1260 en binne boud yn goatyske styl; de lêste tafoegings oan it eksterieur binne út de perioade om 1500 hinne en binne foltôge troch arsjitekt Hans Gotland. De toer waard yn 1433 foltôge. It âldste diel fan 'e tsjerke is it prysterkoar, mar de fresko’s dêr binne pas yn 'e 14e en 15e iuw oanbrocht. Der is dus sa'n 250 jier oan 'e tsjerke wurke.

Doopfont dêr't Nicolaus Copernicus doopt waard.

It doopfont fan 'e tsjerke is brûkt by de doop fan 'e wiskundige en astronoom Nicolaus Copernicus. It stiet yn in kapel deunby it prysterkoar dy't hielendal oan dizze bekende ynwenner fan Toruń wijd is. Copernicus is lykwols begroeven yn de Katedrale basilyk fan Marije-Himelfart en Sint-Andreas yn Frombork (Frauenburg).

De tsjerke stie oant de Twadde Frede fan Thorn ûnder it patronaat fan 'e Dútske Oarder, dêrnei ûnder dat fan 'e keningen fan Poalen en oanslutend oan 'e stêd sels. Oant 1530 waard de tsjerke brûkt foar de katolike earedinst, tusken 1530 en 1583 wie de tsjerke luthersk, fan 1583 oant 1596 waard de tsjerke foar beide earedinsten brûkt en sûnt de kontrareformaasje yn 1596 is de tsjerke wer yn hannen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

De Sint-Jehanneskatedraal is in trijeskippige goatyske halletsjerke fan bakstien. It gebou is 56,2 meter lang en it ferwulft 27,3 meter heech. De massive toer hat in hichte fan 52 meter. De traveeën binne oerkape mei stjerferwulften. De noardlike foarhal hat in sierlike stiennen attika (sierlist).

Yn 'e toer hinget de ferneamde klok Tuba Dei (Gods trompet), dy't yn it jier 1500 getten waard. Mei in diameter fan 2,27 meter en in gewicht fan goed sân ton, wie it foar in hiel skoft de grutste klok fan it Keninkryk Poalen. Ek hjoed-de-dei is de Tuba Dei noch altyd ien fan 'e grutste midsiuwske klokken fan Europa. De klok is ferneamd om syn djippe en folle klank.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katedraal fan Toruń fan Wikimedia Commons.