Sint-Jan de Evangelisttsjerke (Elshout)
| Sint-Jan de Evangelisttsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Elshout | |
| koördinaten | 51°42' N 5°8' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom De Bosk | |
| patroanhillige | Evangelist Jehannes | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | H.J. van Tulder | |
| boujier | 1878 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | gemeentlik monumint | |
| monumintnûmer | WN039 | |
| Webside | ||
| www.wonderbaremoeder.nl | ||
| Kaart | ||
De tsjerke fan Sint-Jan de Evangelist is in roomsk-katolike parochy- en beafeartstsjerke yn it Noard-Brabânske plak Elshout yn 'e gemeente Heusden. Yn 'e tsjerke wurdt it genedebyld fan Us Leaffrou de Wûndermem fan Elshout bewarre, dat al iuwen troch pylgers besocht wurdt en earder yn 'e Marijapel Wûndermem fierder westlik oan 'e Kapelstrjitte stie .
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke datearret út 1878 en waard yn neogoatyske styl troch de Tilburchske arsjitekt H.J. van Tulder ûntwurpen. Op 15 april 1878 lei pastoar Q. van den Bogaart de earste stien fan 'e tsjerke, dy't foar 55.000 gûne boud waard troch oannimmer Lambert de Rooy út De Haach. Op 24 april 1879 joech de biskop fan it bisdom De Bosk, Adrianus Godschalk, de pastoar tastimming om de tsjerke te seinigjen neffens de ritus fan 'e Rituale Roman urn servatis servandis en op 1 maaie fan it folgjende jier fierde de prelaat fan 'e Abdij fan Berne, Adrianus Ceelen, de earste plechtige Hillige Misse op. Op 16 april 1883 waard de nije tsjerke lang om let troch Mgr. Godschalk konsakrearre. Yn 1899 liet pastoar Spierings foar 14.000 gûne in pastorije bouwe.
Yn oktober 1944 wie der by de gefjochten grutte noed oer de tsjerke en pastorije, mar wylst de tsjerken fan ferskillende pastorijen yn 'e omkriten swier skansearre of ferneatige waarden, waarden tsjerke en pastorije fan Elshout sparre. Syn ynsnuorre spits is ek hjoed-de-dei in opfallend bouwurk yn it lânskip.
Op 1 jannewaris 2007 binne de parochys Elshout en Drunen gearfoege ta de parochy Drunen-Elshout.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e tsjerke binne noch keunstfoarwerpen te finen, dy't makke en ûntwurpen binne troch de yn Elshout berne byldhouwer Hendrik van der Geld. Yn it lofter oan 'e Wûndermem wijde sydalter stiet it 14e-iuwske genedebyld fan Marije opsteld. It rjochter sydalter is wijd oan 'e hillige Martlers fan Gorkum. Harren oerbliuwsels waarden yn 1617 yn Brielle opgroeven en nei it kastiel fan Oud-Heusden brocht. Om 1690 hinne waarden harren reliken nei de yn 1688 foltôge skûltsjerke fan Elshout brocht, fan wa't de feestdei op 9 july fierd waard. De protestantske autoriteiten krigen al gau argewaasje oer de yn 'e tsjerke fereare hilligen en beklaagden har dêr oer by de Grifformearde Synoade fan Súd-Hollân, dy't de hear fan Oud-Heusden opdracht joegen om in ein te meitsjen oan 'e ferearing en de roomske drost fan Oud-Heusden ôf te setten. Hoe't alles betearde is ûnbekend. Yn 1876 makke Hendrik van der Geld in iken alterstik foar de nije tsjerke mei dêryn de reliken.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It twamanualige en fjirtjin register tellende oargel yn 'e tsjerke is âlder as de tsjerke en waard yn 1858 troch Johannes J. Vollebregt & Soannen boud. De bruorren Gradussen út Winssen feroaren yn 1898 it oargel. Yn 1951 is it oargel troch Verschueren restaurearre, wêrby de yn 1898 feroare disposysje foar in grut part waard rekonstruearre. In restauraasje folge yn 2006 troch Pels & Van Leeuwen wêrby't ek de oargelkas op 'e nij skildere waard.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
