Springe nei ynhâld

Sint-Jan de Dopertsjerke (Neerlangel)

Ut Wikipedy
Sint-Jan de Dopertsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Oss
plakNeerlangel
koördinaten51°48'N 5°38'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomDe Bosk
patroanhilligeJehannes de Doper
Arsjitektuer
boujier1857-1858
boustylneogotyk
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer32378
Webside
heiligejohannesdedoper.nl
Kaart
Sint-Jan de Dopertsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Jan de Dopertsjerke

De Sint-Jan de Dopertsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn it Noard-Brabânske plak Neerlangel.

Midsiuwske tsjerke.

De âldst bekende tsjerke op it plak waard yn 'e 11e iuw op in rivierdún tichtby de Maas boud. De dowestiennen muorren fan 'e toer en in diel fan 'e westmuorre fan it hjoeddeiske tsjerkegebou binne de oerbliuwsels fan dat oarspronklik folslein dowestiennen tsjerkje. De orizjinele dowestiennen toer, letter ferhege mei in bakstiennen diel, is de âldste noch besteande romaanske toer fan Noard-Brabân. De toer is slank, sljochtweihinne en fergelykber mei guon oare tige iere tsjerketuorren.

Yn 1869 waard it midsiuwske skip fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en op 'e âlde fûneminten ferfongen troch in nij neogoatysk skip.

Earder stiene der yn 'e tsjerke in barok haadalter en twa barokke sydalters. Dy binne net mear oanwêzich. It hjoeddeiske haadalter komt út 'e Sint-Jozefkapel fan 'e manljuskongregaasje yn Ravenstein. Op 'e tsjerkeflier is noch sjen wêr't eartiids de sydalters stiene. Op it plak fan 'e ferdwûne sydalters binne no neogoatyske byld fan Marije en Joazef op konsoles oan 'e muorre oanbrocht.

Ynterieur.

De krúswei waard yn 2004 restaurearre troch in groep frijwilligers út Neerlangel en Ravenstein.

Yn 'e tsjerke hinget in skilderij fan Jehannes de Doper. De skilder dêrfan in net bekend mar it is om 1850 hine makke, mooglik yn 'e tiid dat der al oer tocht waard om de tsjerke te fernijen. Ut deselde tiid stamt in houten byld fan Jehannes de Doper, dat makke is troch de byldhouwer Dirk van Schadewijk út Neerlangel.

It Sint-Jânsgild

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hiele doarpsmienskip fan Neerlangel is lid fan it 350 jier âlde Sint-Jânsgild. It gild hat as doel om it Sint-Jânsfeest yn stân te hâlden. Eartiids wie der in prosesje, no it Hillige Lof en de Hillige Misse yn 'e iepenloft mei dêrnei it keningssjitten. It feest wurdt op 24 juny fierd as dy datum op in snein falt of op 'e snein dy't dêr op folget.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: