Sint-Hubertustsjerke (Genhout)
| Sint-Hubertustsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | Beek | |
| plak | Genhout | |
| adres | Hubertusstrjitte 59 | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom Roermond | |
| wijd oan | Hubertus fan Luik | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Alphonse Boosten | |
| boujier | 1936-1937 | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 513189 | |
| Webside | ||
| h-clemens.nl | ||
| Kaart | ||
De Sint-Hubertustsjerke is in roomsk, oan 'e hillige Hubertus wijd tsjerkegebou yn Genhout yn 'e provinsje Limburch. De tsjerke stiet yn 'e Hurbertusstrjitte, de haadstrjitte fan it it doarpsdiel dat Grut Genhout hjit.
De tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1933 waard de parochy stifte as ôfskieding fan 'e parochy fan Beek. Ek waard dat jier in pastorij boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt Stephan Dings út Beek, dy't him by syn romantysk-modernistyske ûntwerp ynspirearje liet troch de romaanske Us-Leaffrouwebasilyk fan Maastricht.
De tsjerke waard yn 'e jierren 1936-1937 boud neffens it ûntwerp fan arsjitekt Alphons Boosten (1893-1951). It is ien fan 'e belangrykste fertsjintwurdigers fan 'e saneamde Limburchske Reveil, in lokale keunststreaming út it Ynterbellum, dy't syn ynspiraasje fral socht yn in selsbewuste, persoanlike en romantyske oanpak fan 'e eigen bertekrite. Keunstners dy't meiwurken oan 'e bou fan 'e tsjerke wiene Henri Jonas, Charles Eyck, Joep Nicolas, Charles Vos, Gisèle Waterschoot van der Gracht, Jacques Verheyen, Jef Scheffers, Yvonne Trypels en Eugène Quanjel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ienskippige tsjerke mei dwersskip en koer hat in noardeastlike oriïntaasje en is boud fan giele bakstien út Beek. De noardlik fan 'e lingteas steande toer is 42 m heech en hat in opfallende, mei koper dutsen spits.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is in koeroargel út 1966 fan Verschuren Orgelbouw út Heythuizen. It hat alve registers op ien manuaal en pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Hubertuskerk (Genhout) (ferzje 17 maart 2025.)
|
