Springe nei ynhâld

Sint-Helenawilster

Ut Wikipedy
Sint-Helenawilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus sanctaehelenae
Harting, 1873
IUCN-status: hast bedrige

De Sint-Helenawilster (Anarhynchus sanctaehelenae, synonym: Charadrius sanctaehelenae) is in waadfûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). It is in endemysk fûgeltsje dy't allinne op it eilân Sint-Helena foarkomt.

Sint-Helenawilsters wurde likernôch 15 sintimiter lang en ha in soad fan 'e hoederwilsters (Anarhynchus pecuarius), mar dy is lytser. De Sint-Helenawilster hat lykwols tinnere poaten en in langere snaffel. De soarte hat in tsjok swart masker lykas de hoederswilster en in soad oare soarten yn it skaai, mar de swarte markearing rint net troch oant om 'e nekke hinne. Fierder hat de fûgel minder readbrún op it boarst en de búk as de hoederswilster.

De soart libbet op iepen gerslân, relatyf flak en drûch terrein mei koarte begroeiïng en ek op it fleanfjild fan Sint-Helena. Guon populaasjes komme ek foar op healwoastyn op it eilân. De fûgel foerazjearret op wringeleazen. In lechsel bestiet út twa aaien en der wurdt ienris yn 't jier bret, mar giet it lechsel ferlern dan briedt de fûgel nochris.

Tusken 2007 en 2016 kategorisearre de IUCN de soarte as krityk (CR), mar de status fan 'e Sint-Helenawilster feroare yn 2017 yn kwetsber (VU). Bedrigingen foar de fûgels foarmje it ferlies fan habitat, mar fral de yntrodusearre katten en rotten. Der bestiet in soad stipe foar de beskerming fan 'e fûgel om't it de nasjonale fûgel fan it eilân is en ôfbylde wurdt op 'e flagge fan Sint-Helena. Yn 2023/2024 wie it oantal nêsten mei 39% tanaam neffens in eardere telling.[1]. Sûnt 1988 wurde de oantallen fûgels alle jierren telt. Yn 2025 waarden 581 fûgels teld en dêrmei is de populaasje sûnt 2016 stabyl.[2]

Nasjonale fûgel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sint-Helenawilster is de nasjonale fûgel fan it eilân. De fûgel wurdt ôfbylde op it wapen en de flagge. Ek stiet de fûgel op guon postzegels en munten (lykas de 5 pence út 1984). Dêrnjonken is de fûgel faak te sjen op promoasjemateriaal en gidsen fan it eilân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: