Sint-Helena-astrild
| Sint-Helena-astrild | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Estrilda astrild | ||||||||||||
| (Linnaeus, 1758) | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
lânseigen |
De Sint-Helena-astrild (Estrilda astrild) is in lyts fûgeltsje út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarte komt fan oarsprong út Afrika besuden de Sahara, mar is troch de minske op in soad plakken yn 'e wrâld yntrodusearre. It is beweechlik fûgeltsje dat troch syn kleuren en sosjale gedrach populêr is yn 'e avikultuer.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Helena-astrild is in lytse, slanke fûgel fan sa'n 11 oant 13 sintimeter lang. It meast opfallende skaaimerk is de heldere, reade streek dy't as in soarte fan masker troch it each rint. Ek de snaffel is opfallend read. It fearrekleed is oer it algemien griisbrún mei hiele lytse, fine donkere dwersstreken oer it fearrekleed. De kiel en de wangen binne ljochter fan kleur, hast wytich.
De búk hat in karakteristike rôze oant reade gloed, dy't by it mantsje faak wat feller is as by it wyfke. De sturt is relatyf lang en donkerbrún. De poatjes binne donkergriis oant swart. Hoewol't mantsjes en wyfkes in soad op inoar lykje, is it mantsje yn 'e briedtiid te werkennen oan 'e fellere reade kleur op 'e búk en syn sang.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sint-Helena-astrild hat in ûnbidich ferspriedingsgebiet yn Afrika. It natuerlike leefgebiet rint fan Sierra Leöane yn it westen oant Etioopje yn it easten, en hielendal nei it suden oant yn Súd-Afrika. Fanwegen de hannel yn sierfûgels binne der no ek wylde populaasjes te finen yn bygelyks Súd-Jeropa (Spanje, Portegal), Brazylje, en op ferskate eilannen lykas de Kanaryske Eilannen, Sint-Helena en Hawaï.
De fûgel libbet it leafst yn iepen lânskippen mei heech gers, reidfjilden en strewellen, faak yn 'e buert fan wetter of op lânbougrûn. Se wurde ek faak sjoen yn tunen en parken.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Helena-astrild wurdt opdield yn santjin erkende ûndersoarten, dy't foaral ferskille yn grutte, de yntinsiteit fan 'e reade kleur op 'e búk en de finens fan 'e dwerstreken op it fearrekleed:
| Undersoarte | Ferspriedingsgebiet |
|---|---|
| E. a. kempi | Sierra Leöane, Libearia en Guinee. |
| E. a. occidentalis | Fan súdlik Maly en Ivoarkust oant de Demokratyske Republyk Kongo. |
| E. a. peasei | Etioopje. |
| E. a. macmillani | Súd-Sûdan. |
| E. a. adesma | Uganda, Rwanda, Boerûndy en westlik Kenia. |
| E. a. minor | Súd-Somaalje, eastlik Kenia en noardeastlik Tanzania. |
| E. a. jagoensis | Kaapverdje. |
| E. a. rubriventris | Gabon oant noardlik Angoala. |
| E. a. schoutedeni | Súdlik Gabon en súdwestlik Demokratyske Republyk Kongo. |
| E. a. sousae | It eilân Sao Tomee. |
| E. a. nigriloris | Súdlik Demokratyske Republyk Kongo. |
| E. a. cavendishi | Súd-Tanzania oant Sambia, Malawy, Simbabwe en Mozambyk. |
| E. a. muenzneri | Súdeastlik Tanzania. |
| E. a. damarensis | Noardlik Namybje en súdlik Angoala. |
| E. a. astrild | Súd-Afrika, súdlik Namybje en Botswana. |
| E. a. tenebricosa | Eastlik Súd-Afrika. |
| E. a. tenebridorsa | Noardlik en sintraal Etioopje. |
Sang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lûd fan de Sint-Helena-astrild is in heech en skerp "tsjyp-tsjyp". It mantsje sjongt in ienfâldich, mar fluch sankje dat bestiet út in searje fan sokke hege lûden. Se brûke harren rop hom kontakt te hâlden mei de rest fan 'e groep, om't se hast altyd yn groepen omfleane.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Helena-astrild bouwt in grut, rûn nêst fan gers, meastentiids leech by de grûn yn in tichte strûk of tusken heech gers. In hiel bysûnder skaaimerk fan harren nêst is in saneamd skynnêst dat boppe-op it echte nêst boud wurdt. Der wurdt tocht dat it ornearre is om rôfdieren of briedparasiten te mislieden.

It wyfke leit 4 oant 7 wite aaikes. Beide âlden wikselje it brieden ôf en nachts sitte se faak tegearre op it nêst. Nei sa'n 11 oant 12 dagen komme de aaikes út. De jongen fleane nei likernôch trije wiken út, mar wurde dan noch in skoftsje troch de âlden fuorre.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De populaasje is stabyl en de fûgel hat him hiel goed oanpast oan gebieten wêr't minsken wenje. De Sint-Helena-astrild profitearret faak fan lânbou en it oanplantsjen fan gerssoarten dêr't se it sied fan ite.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Astrild
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mauritsius
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Eksoat yn Ascension
- Eksoat yn Sint-Helena
- Eksoat yn Tristan da Cunha
- Eksoat yn Kaapverdje
- Eksoat yn Sao Tomee en Prinsipe
- Eksoat yn Mauritsius
- Eksoat yn Rodrigues
- Eksoat yn Reünion
- Eksoat yn de Seysjellen
- Eksoat yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen
- Eksoat yn Portegal
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn de Kanaryske Eilannen
- Eksoat yn Madeara
- Eksoat yn de Azoaren
- Eksoat yn Trinidad en Tobago
- Eksoat yn Brazylje
- Eksoat yn Bermuda
- Eksoat yn Nij-Kaledoanje
- Eksoat yn Fanûatû
- Eksoat yn Frânsk-Polyneezje
- Eksoat yn Hawaï
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Porto Riko
- Eksoat yn Martinyk
