Sint-Gregoarius de Ferljochtertsjerke (Jerevan)
Gregoaius de Ferljochtertsjerke
Սուրբ Գրիգոր Լուսավորիչ եկեղեցի | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | distrikt Kentron, op it plak fan de hjoeddeiske Yeghishe Charents-skoalle | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1869-1900 | |
sloopjier | 1939 |
De Sint-Gregoarius de Ferljochtertsjerke (Armeensk: Սուրբ Գրիգոր Լուսավորիչ եկեղեցի, Surb Grigor) wie in tsjerkegebou yn it distrikt Kentron (sintrum) fan Armeenske haadstêd Jerevan. De tsjerke waard om ûnbekende redenen mei tuskenskoften boud tusken 1869 en 1900 en op lêst fan de Sovjet-autoriteiten ôfbrutsen yn 1939. It gebou wie wijd nei de stifter fan de Armeenske tsjerke, Gregoarius de Ferljochter.
Op it plak fan de tsjerke stiet hjoeddedei oan de Amiryan-strjitte de nei de yn de tiid fan de Grutte Suvering fermoarde Armeenske dichter Yeghishe Charents ferneamde skoalle.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tsjerke fan Sint-Gregoarius de Ferljochter, Jerevan fan Wikimedia Commons. |