Sint-Gertrudiskatedraal (Utert)

Ut Wikipedy
Sint-Gertrudiskatedraal

Sint-Gertrudiskathedraal

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Utert
plak Utert
adres Willemsplantsoen 2
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1912-1914
arsjitekt E.G. Wentink Jr.
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 514248
offisjele webside
Side Ald-katolike parochy

De Sint-Gertrudiskatedraal oan it Willemsplantsoen yn Utert is de biskopstsjerke fan de Ald-Katolike Tsjerke fan Nederlân. De katedraal waard tusken 1912 en 1914 neffens ûntwerp fan E.G. Wentink jr. yn neoromaanske styl boud. Dy styl hie de foarkar ta oantinken fan de net mear besteande Marijetsjerke, ien fan de fiif midsiuwske kapitteltsjerken dy't de stêd ryk wie en yn de 19e iuw ôfbrutsen waard en dy't eartiids skeef efter de katedraal stie.

De twa westlike tuorren oan de kant fan it plantsoen behearskje it front fan de katedraal. Eastlik wurdt it gebou ôfsletten troch in fiifsidige apsis. It skip wurdt oerkape troch in houten tonferwulft. In part fan de ynrjochting, dy't bestiet út bylden, skilderijen, tsjerkesulver en in grut tal reliken, binne ôfkomstich út oare âld-katolike tsjerken.

Yn it alter wurde mear as santjinhûndert reliken bewarre, opslein yn hûnderten doaskes. Tusken de reliken soe ek in stik fan de ribbe fan de hillige Willibrord wêze.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It heechalter datearret fan 1914 en waard jûn troch in parochiaan. It tabernakel op it heechalter is in wurk út 1731 fan de sulversmit Nicolaas Verhaar. Op de doar stiet in foarstelling fan de Brulloft yn Kana, dêr't Jezus wetter yn wyn feroare. Yn it heechalter wurde midsiuwske reliken fan hilligen bewarre dy't fakentiden in relaasje mei de stêd hawwe.

It folksalter stamt út 1989 en draacht it ynskrift Gezegend zijt Gij, (Heer onze God), Koning van de wereld, die brood doet voortkomen uit de aarde. Gezegend zijt Gij (Heer onze God), Koning van de wereld, Schepper van de vrucht van de wijnstok. Njonken it alter stiet de katedra fan de aartsbiskop en dêr stiet ek it koerstuolte fan it kapittel út 1880.

Op it alter fan de lofter sydkapel stiet in houten byld van Marije mei it Bern Jezus, dy't út de Buertsjerke stamt en om 1470 hinne troch Adriaen fan Wesel makke is. Yn 1580 wisten de parochianen it byld foar de herfoarmers wei te stopjen en nei de bou fan de skûltsjerke Maria Minor krige it dêr in plak. Doe't de Maria Minor yn 1989 ferkocht waard, ferhûze it byld nei de katedraal.

Yn de rjochter sydkapel stiet in diel fan it oarspronklik foar de Sint-Jakobustsjerke boude iken alter. Dêrop stiet in 17e iuwsk tabernakel, dat ek út de Maria Minor ôfkomstich is.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1968 troch K.B. Blank en Soan yn Herwijnen boud. It giet om in sleeplade-ynstrumint, dy't oer 21 registers ferdield oer twa manualen en pedaal beskikt.

Gertrudiskapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur Gertrudiskapel

De foargonger fan de katedraal is de Gertrudiskapel, in eardere skûltsjerke dy't njonken de hjoeddeiske katedraal bewarre bleaun is. De skûltsjerke, ynrjochte yn in midsiuwsk hûs, ferfong yn 1634 ien fan de parochytsjerken yn Utert, dy't nei de reformaasje oerdroegen wie oan de protestanten.

By it âld-katolike skisma yn 1723 keas de parochy lykas in pear oare parochys yn Utert foar de Ald-Katolike Tsjerke fan Nederlân. De Gertrusdiskapel funksjonearre doe as katedraal fan de âld-katoliken.

De skûltsjerke heart ta de bêste bewarre foarbylden yn Nederlân. It hjoeddeiske oansjen is by in ferbouwing yn 1697 ûntstien, wêrby't de flieren fan it hûs trochbrutsen waarden en der galerijen ûntstiene. Tusken 1991 en 1993 waard de skûltsjerke restaurearre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Side Aartsbisdom Ald-Katolike Tsjerke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Gertrudiskathedraal