Springe nei ynhâld

Sint-Gûdûlatsjerke (Rhede)

Ut Wikipedy
Sint-Gûdûlatsjerke
De Sint-Gûdûlatsjerke yn Rhede.
De Sint-Gûdûlatsjerke yn Rhede.
Lokaasje
lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
KreisBorken
plakRhede
adresMarkt 2
koördinaten51° 50' N 6° 41' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolyk
bisdomMúnster
patroanhilligeSint-Gûdûla
statusParochytsjerke
Arsjitektuer
arsjitektHilger Hertel
boujier1898–1901
boustylneogotyk
hichte77,5 m (toer)
Webside
www.st-gudula.de
Kaart
Sint-Gûdûlatsjerke (Noardryn-Westfalen)
Sint-Gûdûlatsjerke

De monumintale Sint-Gûdûlatsjerke (Dútsk: Kirche Sankt Gudula) is in katolike parochytsjerke yn Rhede, in stêd yn 'e Kreis Borken yn Noardryn-Westfalen. It is de iennige Dútske tsjerke dy't oan Gûdûla fan Brussel wijd is.

Skiednis en arsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 12e iuw stifte de famylje Von Rhete in eigentsjerke. Oant de ôfbraak yn 'e 19e iuw waard dy goatyske halletsjerke jimmeroan fierder fergrutte. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1898 en 1901 boud neffens it ûntwerp fan Hilger Hertel. Op 12 juny 1901 folge de ynwijing. It neogoatyske, trijeskippige tsjerkegebou mei trije koerapsissen hat in mearsidige sintrale romte. De toer is 77,5 meter heech.

Haadalter.

De tsjerke hat de neogoatyske ynrjochting út de boutiid folslein behâlden. Oan dit ynterieur wurken haadsaaklik keunstners út de eigen regio mei (ûnder oare de byldhouwer Stracke út Bocholt). It is oan 'e parochy en de lokale tsjerkeried te tankjen dat de ramen en de ynvintaris ek bewarre bleaun binne yn 'e tiid nei it Twadde Fatikaansk Konsily, doe't yn in soad tsjerken grutte dielen fan 'e ynrjochting út e tiid fan it historisme ferwidere waarden.

It heechalter datearret fan 1900 en is yn Nederlân makke. De 25 neogoatyske ramen binne tusken 1901 en 1913 troch Derix út Kevelaer makke.

It romaanske doopfont fan Bentheimer sânstien is 12e-iuwsk en komt út de tsjerke dy't eartiids op it plak stie.

Oargel.

It oargel waard yn 1998 boud troch de firma Romanus Seifert & Sohn út Kevelaer. It sleepladeynstrumint hat 52 registers (3.576 pipen) ferdield oer trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk. Yn 'e tsjerke is boppedat in koeroargel oanwêzich mei 28 registers ferdield oer trije manualen en pedaal.

Yn 'e toer hingje sân liedklokken. Fan histoarysk belang is de Johannesklok, dy’t yn 1492 getten waard troch Geert fan Wou. De oare klokken binne yn 'e jierren 1951-2006 getten troch de klokkejitterij Petit & Gebr. Edelbrock.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: