Springe nei ynhâld

Sint-Fredianobasilyk (Lucca)

Ut Wikipedy
Sint-Fredianobasilyk

Basilica di San Frediano

Lokaasje
lân Itaalje
plak Lucca
adresPiazza San Frediano
koördinaten43°50' N 10°30' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomLucca
patroanhilligeFrediano fan Lucca
Arsjitektuer
boujier560, 1112-1147
boustylromaansk
Webside
www.sanfredianolucca.com
Kaart
Sint-Fredianobasilyk (Itaalje)
Sint-Fredianobasilyk

De Sint-Fredianobasilyk (Italjaansk: Basilica di San Frediano) is in romaanske tsjerke yn it noarden fan it histoaryske sintrum fan Lucca, Itaalje. De oan Frediano fan Lucca wijde tsjerke is sûnt 1957 in basilica minor.

Ynterieur.

De tsjerke waard oan it begjin fan 'e 12e iuw (1118-1147) boud en yn 'e 13e iuw waarden de muorren fan it skip mei 3,3 m ferhege, sadat ek de gevel ferhege wurde moast. Sa ûntstie de wat nuvere opbou fan 'e gevel, wêrfan't de top mei in Byzantynsk mozayk fan 'e Himelfeart fan Kristus fersierd waard. Dat mozayk is net hielendal mear orizjineel en moast yn 'e 19e iuw foar in grut part fernijd wurde. It ûnderste diel fan 'e gevel stiet mear yn 'e âlde tradysje fan in ienfâldige gevelbou.

De gevel is net lykas wenst op it westen oriïntearre, mar op it easten. Dat komt om't fuort by de tsjerke in nije stedsmuorre boud waard en se woene net dat de gevel fuort tsjin de muorre kaam te stean.

De 55 m hege klokketoer waard tusken 1112 en 1147 boud.

It ynterieur docht noch jimmeroan romaansk oan, ek al ha der lettere feroaringen west. Yn it middenskip steane hichte en breedte yn 'e klassike ferhâlding fan 2:1, lykas ek by de domtsjerke fan Pisa.

Doopfont.

Yn it sydskip fuort rjochts yn 'e tsjerke stiet it tige ryk fersierde doopfont út it midden fan 'e 12e iuw. It doopfont is fersierd mei byldhouwurk mei sênes út it libben fan Mozes, de apostelen en de moannen fan it jier. Eins hearde de doopkapel bûten de tsjerke te stean om tefoarren te kommen dat net-doopte minsken de tsjerke yngongen, mar der binne fariaasjes op dy regel om 't yn dit gefal it doopfont fuort by de yngong stiet.

Op 'e muorre rjochts yn it middenskip is in fresko mei de martlerdea fan 'e hilligen Laurentius, Finsintius en Stefanus. Oan 'e pylders binne fragminten fan fresko's fan oare hilligen.

De kapel van Sant'Agostino hat fresko's mei in syklus oer it libben fan Sint-Augustinus en lokale religieuze foarstellings út de 16e iuw fan Amico Aspertini (1508-1509), in keunstner út Emilia.

De rike famylje Tenta (ek Trenta) liet mei de Tentakapel in bliuwend monumint efter. It belangrykste alterstik fan 'e kapel is fan Jacopo della Quercia út de jierren 1412-1422. Jacopo della Quercia wie ien fan 'e belangrike renêssânse byldhouwers.

Yn 'e tsjerke fûnen trije hilligen harren lêste rêstplak. Under it heechalter leit it grêf fan 'e patroanhillige fan 'e tsjerke, Sint Frediano. Yn in sydkapel wurdt it mummifisearre lichem fan Sint-Zita, in ynwenner fan Lucca, as in relikwy útstald. In sierlik stiennen reliëf fersiert it grêf fan Richard fan Wesseks, dy't ûnderweis nei Rome yn 722 yn Lucca ferstoar. Syn lichem leit yn 'e Tentakapel ûnder it alter.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Fredianobasilyk fan Wikimedia Commons.