Springe nei ynhâld

Sint-Finsintiustsjerke (Velp)

Ut Wikipedy
Sint-Finsintiustsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Lân fan Cuijk
plakVelp
adresPastoor Loefsweg 1
koördinaten51°45'N 5°42'E
Tsjerklike gegevens
patroanhilligeFinsintius fan Saragossa
ôfstjitten1937
Arsjitektuer
boujier12e iuw
boustylgotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer17330
Webside
www.kunstinhetkerkje.nl
Kaart
Sint-Finsintiustsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Finsintiustsjerke

De Sint-Finsintiustsjerke is de eardere parochytsjerke fan it Noard-Brabânske plak Velp. De tsjerke stiet tusken it Emmausskleaster en it eardere kleaster De Bronkhorst.

De tsjerke wie oarspronklik oan Finsintius Madelgarius wijd, mar nei alle gedachten yn 'e 17e iuw waard de patroanhillige feruile foar Finsintius fan Saragossa. De tsjerke wie earder ferbûn oan it kapittel fan Sint-Finsintius yn Zinnik (of Soignies, Belgje).

Op it plak stie eartiids in ienfâldige romaanske sealtsjerke fan dowestien. It âldste diel fan 'e hjoeddeiske tsjerke is in stik fan 'e súdmuorre, dat út 'e 12e en mooglik de 10e iuw datearret. Dat is in oerbliuwsel fan it orizjinele tsjerkegebou en kin ien fan 'e âldste oerbleaune tsjerkemuorren yn Noard-Brabân wêze. It rjochthoekige koer fan 'e romaanske tsjerke waard by opgravings yn 1957 ûntdutsen. Yn it begjin fan 'e 16e iuw waard dat koer ferfongen troch in breder, trijesidich sletten goatysk koer. It skip waard doe ferhege en in noardlike sydskip waard tafoege. De toer datearret út 'e 14e iuw.

Ynterieur (1911)

Doe't it katolisisme mei de ynfiering fan 'e reformaasje ferbean waard yn 'e Meierij fan De Bosk en it Lân fan Cuijk, bleau de religieuze frijheid yn it Lân fan Ravenstein en dus Velp bestean. De Sint-Finsintiustsjerke waard dus net oan 'e protestanten oerdroegen en bleau roomsk.

Op 29 july 1674, by it belis fan Grave, dat troch de Frânsen beset wie, waard de tsjerke yn 'e brân sketten. In restauraasje folge, mar de tsjerke waard dêrby wol wat lytser makke. De toer krige in spits en yn 1675 in klok. In nij oargel waard yn 1755 ynstalleare. Sa bestiet de tsjerke hjoed-de-dei noch.

Om't de âlde tsjerke te lyts waard, waard yn 1936 útein set mei de bou fan in nije, gruttere parochytsjerke, dy't 2.500 meter fierderop yn Nij-Velp boud waard. De klok en it oargel ferhûzen dêr hinne en yn 1937 folge de ynwijing fan 'e nije Sint-Finsintiustsjerke. De âlde tsjerke stie leech en rekke yn ferfal. Fan 1944 oant 1945 brûkten alliearde soldaten de tsjerke en dat makke de steat fan it gebou der net better op. Lang om let folge der tusken 1961 en 1963 in restauraasje ûnder lieding fan arsjitekt J. Strik. By dy restauraasje waarde de 17e- en 18e-ieuske feroarings ferwidere. Dêrnei tsjinne it gebou noch foar in lyts skoft as kapel.

Doe't de tsjerke op 'e nij leech kaam te stean, hat de gemeente yn 1970 de tsjerke yn gebrûk jûn oan 'e Stifting Kunst in ‘t Kerkje. Sûnt brûkt dy stifting de tsjerke foar keunsteksposysjes en somtiden ek konserten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: