Springe nei ynhâld

Sint-Elisabethtsjerke (Grave)

Ut Wikipedy
Sint-Elisabethtsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Lân fan Cuijk
plakGrave
adresHoofdwagt 1
koördinaten51°45' N 5°44' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom De Bosk
wijd oanElisabeth fan Thüringen
Arsjitektuer
boujier16e iuw
boustylgotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer17255
Webside
www.st-elisabethparochie.nl
Kaart
Sint-Elisabethtsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Elisabethtsjerke

De Sint-Elisabethtsjerke is de roomsk-katolike tsjerke fan it Noardbrabânske stedsje Grave.

Na alle gedachten waard op it plak om 1240 hinne ûnder Hindrik III fan Cuijk in romaanske tsjerke stifte. Dy tsjerke wie wijd oan 'e hillige Elisabeth fan Thüringen (1207-1231), dy't krekt foar dy tiid yn 1235 hillich sprutsen wie troch paus Gregoarius IX.

Oan 'e tsjerke waard lang boud en yn 1308 waard it kapitteltsjerke. De tsjerke krige (mooglik) troch Jutta fan Nassau, de twadde frou fan 'e yn 1308 ferstoarne Jan I fan Cuijk reliken fan Sint-Elisabeth.

Ynterieur

Yn 1415 waard de tsjerke by de stedsbrân fan Grave ferneatige. De fûneminten fan dy tsjerke binne by in restauraasje yn 'e jierren 1979-1989 werom fûn. Nei de brân folgen reparaasjes, mar ûnder Arnold fan Egmont, hartoch fan Gelre fan 1423 oant 1474, waard de tsjerke werboud en tusken 1506 en 1516 útwreide en yn 1535 nochris fergrutte mei in transept. Sa waard de tsjerke de grutste krústsjerke fan it hjoeddeiske Nederlân. Dwers op 'e earmen fan it transept leine fiif legere dwersskippen en ek wiene der santjin alters.

De stêd waard nochal ris belegere en ek de tsjerke waard dêrby skansearre. Yn 1577 yn 'e Tachtichjierrige Kriich waard Grave troch de Steatsen oermastere en de Sint-Elisabethtsjerke waard oan 'e protestanten jûn, mar nei't de Spanjerds it plak werom feroveren, waard de tsjerke fan 1586 oant 1602 wer katolyk. Lang om let oermastere prins Maurits de stêd yn dat lêste jier en de tsjerke waard op 'e nij protestantsk. De tsjerke bleau protestantsk, ek al wie de befolking fierweihinne katolyk. Dat duorre oant de Frânske tiid, doe't de tsjerke yn 1798 wêrom jûn waard.

Mei't de Frânsen tusken 1672 en 1674 Grave besettten folge by de befrijing fan Grave de ferneatiging fan 'e toer en in diel fan it middenskip. Ek it belis fan 1794 troch Frânske troepen soarge foar in soad skea oan it gebou. Biskop Joannes van Velde tot Melroy en Sart-Bomal wenne sûnt 1802 yn Grave en soarge wer foar reparaasjes. It ynterieur waard mei meubilêr út Flaanderen dekorearre. Nei't yn 1874 de bliksem yn 'e toer sloech en dy ynstoarte en der gjin jild wie foar in restauraasje, folge de ôfbraak fan 'e toer.

Alhoewol't ek hjoed-de-dei de tsjerke noch grut is, bestiet dy allinnich noch út it koer, it dwersskip en in travee fan it skip. It hiele westlike diel is ferdwûn. Yn 1971 moast de tsjerke fanwegen de minne steat fan ûnderhâld sletten wurde. Yn 1974 waard útein set mei in restauraasje en yn 1981 koe de tsjerke wer yn gebrûk nommen wurde. In oare katolike tsjerke yn Grave, de Himelfearttsjerke, waard yn 2002 sletten. De klok fan dy tsjerke waard yn in klokkestoel hongen op it plak dêr't eartiids de toer fan 'e Sint-Elisabethtsjerke stien hat.

Haadalter.

It barokke haadalter is begjin 18e-iuwsk en ôfkomstich út Flaanderen. It alterstik is in kopy fan De Krusiging fan Anthony fan Dyck, wêrfan't it orizjineel yn 'e Mechelske Sint- Romboutskatedraal te sjen is. Yn it dwersskip steane twa barokke sydalters út itselde tiidrek, mooglik ôfkomstich út de omkriten fan Antwerpen.

De preekstoel stamt út likernôch 1700 en is boud troch Ludovicus Willemsen út Antwerpen. De kûp wurdt droegen troch in byld fan Fransiskus fan Assisi. De 10 meter lange kommunybank (1758) yn it koer is ek Flaamsk fan oarsprong. De twa ryk bewurke bychtstuollen datearje út 1713.

It grêfmonumint fan hartoch Arnold fan Egmont (1410‑1473) datearret út 1802 en kaam doe yn it plak fan it oarspronklike pronkgrêf, dat yn 1794 ferneatige waard. Fierder binne der ferskillen grêfsarken yn 'e flier, lykas dy fan biskop Van de Velde tot Melroy. Der binne 16e-, 17e en ferskillende ier 18e-iuwske bylden yn 'e tsjerke. Yn it sydalter fan it noarderdwersskip stiet in lyts palmhouten Marijebyldsje út 1660.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1904-1906 beskildere neffens ûntwerpen fan Pierre Cuypers mei û.o. foarstellingen út it libben fan Elisabeth en krúsweistaasjes, mar dêr binne by in restauraasje guon fan ferwidere.

Oargel.

It trijemanualige oargel waard yn 1846 boud troch F.C. Smits út Reek yn in oargelkas fan J.F. Beuijssen út Boxmeer. Yn 1866 ferneatige it ynstoarten fan in pylder it oargel foar in grut part. Der waard in nije oargelkreake boud en de bruorren Gradussen út Winssen restaurearren it oargel, mar it rêchposityf dat by it ynstoarten ferlern gien wie, waard net rekonstruearre.

Nei klachten oer it oargel namen de bruorren Smits as opfolgers fan F.C. Smits it oargel yn 1882 ûnder harren noed en hja fierden technyske oanpassings út. Oan 'e ein fan 'e grutte tsjerkerestauraasje hat it oargelbedriuw Verschueren it oargel yn 1981 renovearre. Ek doe is it rêchposityf net wersteld, mar it oargel krige wol in skynrêchwurk. By de lêste restauraasje yn 2016 troch Verschueren binne ek de tariedings makke foar in noch lettere rekonstruksje fan it oarspronklike rêchwurk op it earste manuaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: