Springe nei ynhâld

Sint-Dionisiustsjerke (Tilburch)

Ut Wikipedy
Sint-Dionysiustsjerke
De Heikeske tsjerke út it suden wei sjoen.
De Heikeske tsjerke út it suden wei sjoen.
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
plak Tilburch
adresStadhuisstraat 6
koördinaten51°33'N 5°5'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom De Bosk
patroanhilligeDionysius fan Parys
Arsjitektuer
arsjitektCornelis van Hoof
boujier15e iuw (toer), 1827 (skip), 1895 (front)
boustylneogotyk/wettersteatsstyl
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer34389
Webside
parochiedegoedeherder.nl
Kaart
Sint-Dionisiustsjerke (Tilburch)
Sint-Dionisiustsjerke

De Sint-Dionysiustsjerke (almeast de Heikeske tsjerke neamd) is de âldste katolike tsjerke yn 'e binnenstêd fan 'e Noard-Brabânske stêd Tilburch. De namme ferwiist nei "it Heike", de histoaryske parochy dêr't de tsjerke it middelpunt fan foarme. De tsjerke makket hjoed-de-dei diel út fan 'e Parochy fan 'e Goede Hoeder.

Al yn 1232 wurdt der melding makke fan in tsjerke op it plak. De hjoeddeiske toer hat noch dielen dy't werom geane nei de 15e iuw, mar de tsjerke waard yn 1559 troch brân ferneatige. Alhoewol't de reformaasje yn Tilburch net slagge en it plak katolyk bleau, waard de tsjerke oerdroegen oan 'e protestanten. De protestanten ferwideren yn 1648 de katolike ynrjochting. In doopfont út 1590 stiet hjoed-de-dei yn 'e Goirkeske tsjerke en twa 15e-iuwske goatyske kandlers wurde bewarre yn it Museum foar Relieuze Keunst yn Uden

Yn 1823 krigen de katoliken harren tsjerke werom. Om't de âlde tsjerke te lyts en brekfallich wie, waard der yn 1827 in nije trijeskippige tsjerke boud yn 'e saneamde wettersteatsstyl. De tsjerke waard mei twa kapellen oan 'e westlike kant fergrutte. Yn 'e jierren 1894-1895 folge ûnder lieding fan de arsjitekt Cornelis fan Hoof noch in grutte ferbouwing. Doe waard de âlde toer ommantele yn neogoatyske styl en krige de tsjerke de hjoeddeiske foargevel.

Ynterieur.

It ynterieur is in mjuks fan stilen. De tsjerke hat in houten ferwulft fan stúkwurk en ioanyske pylders dy't karakteristyk binne foar de wettersteatsstyl. It heechalter datearret út likernôch 1700 en is ôfkomstich út de eardere abdij fan Hemiksem. Oan wjerskanten fan it haalalter waarden yn 1840 twa poartsjes tafoege, dêr't 19e-iuwske relykskrinen op steane mei reliken fan 'e hillige Damianus en Sint-Laurentius (rjochts). Wichtige keunstwurken binne ek de neobarokke preekstoel en kommunybank en de krúsweistaasjes út 1890-1898 .

It hjoeddeiske haadoargel fan 'e tsjerke waard yn 1956 boud troch de bruorren Vermeulen út Weert, wêrby't 17 registers bewarre bleaun binne fan in ynstrumint fan 'e bruorren Franssen út 1918. Yn 1978 waard de disposysje nochris feroare. De oargelkas datearret fan it Van Peteghem-orgel úit 1776.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: