Springe nei ynhâld

Sint-Damianustsjerke (Niftrik)

Ut Wikipedy
Sint-Damianustsjerke
Lokaasje
Provinsje Gelderlân
Gemeente Wijchen
plakNiftrik
koördinaten51°47' N 5°40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomDe Bosk
patroanhilligeDamianus
Arsjitektuer
arsjitektF. Schütz
boujier1941-1952
boustylDelftske Skoalle
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer39640
Webside
detwaalfapostelen.nl
Kaart
Sint-Damianustsjerke (Gelderlân)
Sint-Damianustsjerke

De Sint-Damianustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn it Gelderske doarp Niftrik.

Sûnt de midsiuwen foel de tsjerke fan Niftrik ûnder it kapittel fan Xanten. De midsiuwske tsjerke oan 'e Maasdijk waard nei de Tachtichjierrige Kriich troch de protestanten oernommen. De katoliken yn Niftrik moasten tenei nei de tsjerke fan Ravenstein oan 'e oare kant fan 'e Maas. Sûnt de bou fan in skûltsjerke yn 1715 wie dat net mear nedich en yn 1795 krigen de katoliken harren âlde tsjerke werom. Dy tsjerke waard nei de ynwijing fan in nije tsjerke oan 'e ein fan 'e 19e iuw ôfbrutsen.

Byld boppe it portaal fan 'e Damianustsjerke.

Yn 'e jierren 1891-1892 waard neffens ûntwerp fan Caspar Franssen tichteby de midsiuwske tsjerke in nije tsjerke boud, in ienskippich bouwurk fan fjouwer traveeën wêrfan't it neogoatyske ûntwerp ôflaat wie fan 'e Sint-Donatustsjerke fan Altforst. De tsjerke waard om strategyske redenen by de Dútske ynfal op 10 maaie 1940 yn opdracht fan it Nederlânske leger ferneatige.

Noch yn 'e oarloch waard útein set mei de werbou fan 'e tsjerke neffens in ûntwerp fan F. Schütz yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle. De stiennen tsjerketoer wurdt begelaat troch in lyts treptuorke en de toer hat in ynsnuorre spits mei in sipeltsje. De tsjerke hat in sealtek en de sydmuorren wurde troch steunbearen stipe.

De klok yn 'e toer waard yn 1213 getten. De bylden yn 'e tsjerketún en op it hôf binne gemeentlike monuminten. Sûnt 1971 is de tsjerke in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: