Sint-Bavotsjerke (Raamsdonk)
| Sint-Bavotsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Raamsdonk | |
| adres | Kerkplein 2 | |
| koördinaten | 51°41' N 4°54' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom Breda | |
| patroanhillige | Sint-Bavo | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Carl Weber | |
| boujier | 1888-1889 | |
| boustyl | neoromanogotyk | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 32280 | |
| Webside | ||
| www.sintelisabethparochie.nl/ | ||
| Kaart | ||
De Sint-Bavotsjerke oan it Kerkplein 2 is de roomske parochytsjerke fan Raamsdonk yn 'e provinsje Noard-Brabân. De tsjerke is yn 'e jierren 1888-1889 neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekt Carl Weber boud.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katoliken fan Raamsdonk ferlearen nei de ynfiering fan 'e reformaasje harren Lambertustsjerke yn 1609. Se koenen allinnich sûnt 1690 in skuorretsjerke yn 'e Waspikske buorskip Benedenkerk brûke. Yn 1787 mochten se ek in skuorretsjerke yn Raamsdonk stiftsje. Dy stie oan 'e Bergenstrjitte en wie wijd oan Sint-Bavo. Alhoewol't de katoliken yn 1798 nochris besochten om de âlde Lambertustsjerke werom te krijen, waard dat net tastien. Wol krigen se doe finansjele kompensaasje.
Op 18 april 1888 waard útein set mei de bou fan 'e nije Sint-Baafstsjerke, dy't op 16 septimber 1889 ynwijd waard. Yn 1969 waarden ferljochte wizerplaten op 'e koepel set en yn 'e jierren 2010-2011 folge in yngreven restauraasje.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sint-Bavo waard ûntwurpen troch arsjitekt Carl Weber en wurdt beskôge as in hichtepunt fan syn wurk. It is in krúsbasilyk yn neoromanogoatyske styl. Karakteristyk is de hege koepel, dy't wat bûten ferhâlding liket. Dat komt troch it feit der yn 'e plannen ek westlike tuorren wiene, mar dy binne nea foltôge fanwegen jildbrek.
De tsjerke hat in fergulde koperen monstrâns út 'e 17e iuw. Der binne twa oargels: in Pels-oargel út 1930 en in Verschueren-oargel út 1986 .
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
