Springe nei ynhâld

Sint-Baafskatedraal (Gint)

Ut Wikipedy
Sint-Baafskatedraal
De Sint-Baafskatedraal yn Gint
De Sint-Baafskatedraal yn Gint
Lokaasje
lânBelgje
GewestFlaanderen
ProvinsjeEast-Flaanderen
plakGint
adresSint-Baafsplein
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomAartsbisdom Mechelen-Brussel
patroanhilligeBavo fan Gint
wijd oanJehannes de Doper (oarspronklik)
Bavo fan Gint
statusKatedraal
Arsjitektuer
boujier14e iuw – 1569
boustylGotyk (mei romaanske krypt)
hichte89 m
monumintale statusBeskerme monumint
Webside
www.bisdomgent.be
Kaart
Sint-Baafskatedraal (Gint)
Sint-Baafskatedraal
Sint-Baafskatedraal

De Sint-Baafskatedraal yn 'e East-Flaamske stêd Gint is de titeltsjerke fan it bisdom Gint en it Sint-Baafskapittel.

De tsjerke wie oarspronklik in oan Jehannes de Doper wijde parochytsjerke. Yn 942 waard de tsjerke troch Transmar, de biskop fan Doarnik, ynwijd as de Sint-Jânstsjerke.

Yn 1539 kaam de stêd yn opstân tsjin keizer Karel V fanwegen in nije, swiere kriichsbelesting dy't de keizer easke hie. Karel V sloech dizze Gintske Opstân yn 1540 mei hurde hân del en woe de opstannige stêd it leksum lêze. De lieders fan 'e opstân waarden ûnthalze en hy twong in groep belangrike ynwenners mei in strop om 'e hals (de saneamde stroppendragers) yn nachthimden efterinoar troch de stêd te rinnen om foar him knibbeljend ferjouwing ôf te smeken.

Spanjaardekastiel.

Om Gint der foar altiten ûnder te hâlden, liet Karel V op it plak fan 'e Sint-Bavo-abdij (flakby de gearrin fan 'e Leie en de Skelde) in twinger bouwe: it saneamde Spanjaardekastiel. De kanunniken fan Sint-Bavo waarden fan it plak ferjage en moasten nei in oar plak foar harren kapittel omsjen. Hja fûnen dat yn 1539 yn 'e Sint-Janstsjerke. De tsjerke waard dêrmei in kollegiale tsjerke en stie sûnt bekend as de Sint-Bavostsjerke. By de tsjerklike reorganisaasje fan 'e Nederlânnen yn 1559 waard it bisdom Gint oprjochte, wêrby't de Sint-Bavostsjerke ferheft waard ta katedraal.

Oant in pear jier lyn wie de Sint-Janstsjerke noch sawol in parochytsjerke (fan 'e Sint-Jânsparochy) as de Sint-Baafskatedraal. In pear jier ferlyn waarden de parochys fan Sint-Michiel, Sint-Niklaas en Sint-Baaf lykwols gearfoege. Sûnt dy tiid tsjinnet de Sint-Michielstsjerke as parochytsjerke foar dy trije eardere parochys. De Sint-Baafskatedraal funksjonearret hjoed-de-dei allinnich noch as katedraal.

Romaanske krypte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Romaanske krypt.

De foargonger fan 'e hjoeddeiske katedraal wie in romaanske tsjerke út de 12e iuw. Dêrfan is de krypt mei ferskillende fresko's bewarre bleaun.

De romaanske tsjerke waard yn trije fazes stadichoan ferfongen troch it hjoeddeiske gebou:

  • De earste faze (begjin 14e iuw): it koer waard fernijd. Yn it koer is de ynfloed fan 'e Noard-Frânske gotyk en de Skeldegotyk te sjen. De koeromgong en de kapellekrâns stamme út it begjin fan 'e 15e iuw.
  • De twadde faze (1462–1538): de 89 meter hege westtoer waard yn 'e styl fan 'e Brabânske gotyk boud mei kalksânstien út de stiengroeven fan Dilbeek.
  • De tredde faze (1533): der waard úteinset mei de bou fan it skip fan 'e tsjerke.

Letter fûnen der ek noch tafoegings plak yn renêssânse-, barok- en klassisistyske styl, mar de Sint-Baafskatedraal is in dúdlik foarbyld fan 'e goatyske boustyl, wat te sjen is oan 'e spitsbôgen, grutte brânskildere ramen en de fertikaliteit fan it gebou.

De toer fan 'e Sint-Baafskatedraal is ien fan 'e trije tuorren fan 'e Gintske rige fan tuorren, tegearre mei de Sint-Niklaastsjerke en it Belfort. De toer sels bestiet út fjouwer ferdjippings en wurdt bekroand troch fjouwer grutte pinakels op 'e hoeken. Oarspronklik hie de toer in lytse spits, mar dy is ôfbaarnd. Yn 'e toer hingje sân liedklokken. De swierste klok hjit Bavo, weaget 5.500 kilo en waard levere troch Florent Delcourt.

Keunst yn 'e katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Middenskip.

It keunstpatrimoanium fan 'e Sint-Baafskatedraal is histoarysk tige weardefol:

  • De "Oanbidding fan it Laam Gods" fan Jan van Eyck út 1432 is in wrâldferneamd polyptyk. It is in hichtepunt fan 15e-iuwske Flaamske skilderkeunst. Sûnt 2021 hinget it skilderij yn 'e Sakramintskapel en is der in besikerssintrum oan ferbûn.
  • Oare skilderijen: De "Bekearing fan Sint-Bavo" (1623–1624) troch Peter Paul Rubens, de "Kalvary-triptyk" (15e iuw) dy't oan Justus fan Gint taskreaun wurdt en de "Viglius-triptyk" fan Frans Pourbus de Aldere (1571). De "Histoarje fan 'e Hillige Andréas" (1572) is in rige fan fjirtjin panielen fan Frans Pourbus de Aldere. Fierder is der wurk fan Gaspar de Crayer.
Oanbidding fan it Laam Gods.
  • Ynrjochting: It barokke heechalter (1702–1782) yn wyt, swart en readflamme moarmer. De iken rokokopreekstoel (1741–1745) mei ferguld hout, wyt en swart moarmer troch Laurent Delvaux en in smei-izeren stek fan J. Arens.
  • Praalgrêven: Ferskate grêfmonuminten fan Gintske biskoppen, wêrûnder dat fan Antonius Triest yn wyt en swart moarmer (1652–1654), in haadwurk fan Hiëronymus Duquesnoy de Jonge.
  • Moderne tafoeging: Hjoed-de-dei steane der oeral stuorren fan ûntwerper Maarten Van Severen.
  • Koeromgong: De koeromgong is fersierd mei in samling portretten fan biskoppen en earsteden fan it Sint-Baafskapittel.

De tsjerkeskat omfiemet in grut oantal stikken edelsmeikeunst en liturgysk reau. Tige bekend binne de reliken fan 'e hillige Macharius troch De la Vigne en in relikwykast fan Jehannes de Doper. Fierder bestiet de samling út wurk fan bekende edelsmeden lykas Lesteens, Van Campe, Bourdon, Van Cauwenbergh, Vermandele en Lenoir.

Detail gewaad fan Arte Grossé.

De samling liturgysk tekstyl en kant bestiet út topstikken fan 'e 15e oant de 20e iuw. It meast ferneamd binne de paraminten dy't oarspronklik út de Sint-Bavo-abdij komme en eigendom wiene fan Lieven Hugenois. Dêrop binne detaillearre sênes yn renêssânse-borduerwurk te sjen, lykas de besite fan Marije oan har nicht Elisabet en it boadskip fan 'e aartsingel Gabriël oan Marije. Ek in read gewaad mei sênes fan "It Laam Gods" troch Arte Grossé heart ta de absolute hichtepunten fan it borduerwurk.

In seleksje fan 'e samling tekstyl, dy't troch de ferskate biskoppen opboud is, wurdt útstald yn 'e krypt. De oare stikken wurde yn 'e sakristy bewarre, dy't oanslút op 'e koerkapellen.

It tsjerke-oargel falt fuort op troch it fike oargelfront – nei alle gedachten it wurk fan 'e Gintske byldhouwer Boudewijn van Dickele – mei in barokke oargelkas út de 18e iuw. It ynstrumint bestiet út twa selsstannige dielen:

  • It âlde oargel stiet yn it dwersskip en besit noch registers fan it oarspronklike bouwurk (1653–1656). It waard doe boud troch Pierre Destré en Louis Bis út Lille yn opdracht fan biskop Antonius Triest. De Gintske Lambertus Benoit Van Peteghem hat it oargel yn 1767 foar it grutste part fernijd.
  • It nije oargel is útboud lâns de kreaken boppe de koerbanken, sadat it koer lofts en rjochts omfieme wurdt troch oargelpipen. Johannes Klais boude dit ynstrumint foar de Wrâldtentoanstelling fan 1935 yn Brussel, dêr't er troch in ynternasjonale karkommisje ûnder fjouwer dielnimmers bekroand waard. It oargel waard letter yn opdracht fan biskop Coppieters oankocht. Mei 90 registers is dit it grutste oargel fan 'e hiele Benelúks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Baafskathedraal


Katedrale tsjerken yn Belgje
AartsbisdomSint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal)
BisdommenUs-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen)Sint-Salvatorkatedraal (Brugge)Sint-Baafskatedraal (Gint)Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt)Sint-Pauluskatedraal (Luik)Sint-Albanuskatedraal (Namen)Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik)
Eardere katedralenSint-Donatuskatedraal (Brugge)Sint-Lambertuskatedraal (Luik)Sint-Martinuskatedraal (Iper)Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy)
· · Berjocht bewurkje