Springe nei ynhâld

Sint-Antoniustsjerke (Overlangel)

Ut Wikipedy
Sint-Antoniustsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Oss
plakOverlangel
koördinaten51°46' N 5°40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom De Bosk
patroanhilligeAntonius fan Egypte
Arsjitektuer
boujier1854-1855
boustylneogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer32401
Webside
heiligejohannesdedoper.nl
Kaart
Sint-Antoniustsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Antoniustsjerke

De Sint-Antoniustsjerke is in roomsk-katolyk tsjerkje yn it Noard-Brabânske plak Overlangel. De tsjerke is oan Sint-Antonius fan Egypte wijd.

Smits-oargel út 1856.

De tsjerke waard yn 1854 boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt Wilhelmus Jacobus van Vogelpoel en ferfong in kapel doe't it doarp in selsstannige parochy waard. Van Vogelpoel paste de neogoatyske boustyl ta. Yn septimber 1854 waard de tsjerke troch biskop Joannes Zwijsen ynwijd.

De tsjerke hat in opfallende, smelle toer bekroand mei in iepen spits fan jitizer. De tagong fan 'e toer is fersierd mei in frontaal en boppe it frontaal stiet it stânbyld fan Sint-Antonius. It boppeste diel is achthoekich en stipet de spits.

Yn 1858 waard in oargel fan Franciscus Cornelius Smits yn 'e tsjerke ynstalleare. It alter datearret fan 1895.

De sealtsjerke hat in ienfâldich neogoatysk ynterieur en ribferwulften.

Sûnt 1976 is de tsjerke in ryksmonumint.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: