Sint-Antonius Sikehûs

Ut Wikipedy
Sint-Antonius Sikehûs
Sint-Antonius Ziekenhuis
  sikehûs
It sikehûs yn 'e 1910-er jierren.
It sikehûs yn 'e 1910-er jierren.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Snits (gemeente)
plak Snits
adres Dr. Boumawei
koördinaten 53°02′02″N 5°39′20″E
bysûnderheden
type algemien sikehûs
streaming roomsk
skiednis
ferneamd nei hillige Antonius fan Egypte
oprjochting 1903
opheffing 1994
opgien yn Antonius Sikehûs
gebou
arsjitekt Nicolaas Molenaar sr.
boujier 1903
sloopjier 1995
kaart
Sint-Antonius Sikehûs (Binnenstêd)
Sint-Antonius Sikehûs
Eardere Lokaasje yn Snits.

It Sint-Anthonius Sikehûs wie it âlde sikehûs fan Snits. It wie boud yn 1903 en sletten yn 1994, doe't nei it nije gebou oan de Boalserterbaan ferhuze waard. De namme fan it nije sikehûs is it Antonius Sikehûs. In de namme fan it nije sikehûs is it wurdsje sint, dat ferwiisde nei de roomsk-katolike oarsprong fan it sikehûs, weilitten, krektas de 'h' in Anthonius.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas safolle âlde sikehuzen stie it sikehûs oan de râne fan it sintrum. Yn de perioade 1930-1985 is it gebou frijwat útwreide, alle jierren jaar waard der wol (by)boud. Suver elk stikje romte waard brûkt; hjirby waard net altyd tocht oan de skientme fan de gebouwen; der waard doe wol sein: mar goed dat de gemeente him sa soepel opstelt, oars hie dit noait kind - it sikehûs krige frijwat foarelkoar dêr't de gemeente eins net efter stie.

Krekt foar de Twadde Wrâldkriich waard de earste nijboufleugel foar pasjinten oplevere, mei 3 ferdjippings. Yn de jierren '50 wie it "kleaster" klear, dêr't de nonnen wennen, dy't der doe wurken. Nei harren fuortgean waard it omboud ta kantoaren en in restaurant. Yn 1962 kaam neist de âlde pasjintefleugel in nij bêdehûs, mei 5 ferdjippings. En fan dy perioade oant en mei de jierren '80 waard der wurke oan de polykliniken en driuwende help. Dat wie meast semypermaninte bou. Oer it generaal wie it sikehûs dochs in smûk gebou.

Sloop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren '70 stie men foar de kar fan folsleine nijbou earne oars en/of in yngeande ferbouwing op de besteande lokaasje. Omdat in soad gebouwen ferâldere wiene en renovearre wurde moasten en der net genôch parkearromte wie, bliek ferbouwen net helber, sadat der keazen waard foar nijbou oan de bûtenkant fan Snits.

Nei de sluting waard besletten alle oan- en bygebouwen ôf te brekken, mar it monumintale haadgebou te hâlden. Mar troch it polityk belied fan dy tiid en de aksjes fan in projektûntwikkelder is der dochs in sloopfergunning ôfjûn foar sloop fan it âlde gebou.

Yn it leechsteande gebou hongen in soad jongelju om. Op 25 july 1995 waard troch boartsjende bern sels in lyk fûn yn de eardere keuken fan it gebou. It wie in swalker dy't troch in tefolle drugs ferstoarn wie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]