Sint-Annetsjerke (Bergharen)
| Sint-Annetsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | Bergharen | |
| adres | Doarpsstrjitte 48 | |
| koördinaten | 51°51' N 5°39' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | De Bosk | |
| patroanhillige | Sint-Anne | |
| status | sletten yn 1924 | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Caspar Franssen | |
| boujier | 1894 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 9299] | |
| Webside | ||
| detwaalfapostelen.nl | ||
| Kaart | ||
De Sint-Annetsjerke is in monumintaal tsjerkegebou yn it Gelderske Bergharen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Tachtichjierrige Kriich (1568-1648) foel de midsiuwske tsjerke fan Bergharen yn 1611 yn hannen fan 'e protestanten. De befolking bleau foar it grutste part katolyk, mar moast tefreden wêze mei in skuorretsjerke. Yn 'e Frânske tiid waard godstsjinstfrijheid ynfierd en koe der yn Bergharen wer in parochy stifte wurde. De tsjerke wie yn in pleats en dêrby waard in pastorije boud. Yn 1830 folge de bou fan in wettersteatstsjerke, dy't oan 'e hillige Anne wijd waard.
De hjoeddeiske Sint-Annetsjerke fan Bergharen waard yn 1894 boud en ferfong dy wettersteatstsjerke út 1830. Op 24 septimber 1894 folge de konsekraasje fan 'e tsjerke troch de biskop fan 'e Bosk.
Fanwegen de tebekrinnende tsjerkegong waard it parochybestjoer yn 2024 twongen om de tsjerke en de pastorije fan Bergharen yn 'e ferkeap te dwaan.[1][2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is in opfallende krúsbasilyk mei in fjouwerkante krusingstoer, dy't in soad hat fan 'e yn 1985 ôfbrutsen Dominikustsjerke fan Alkmar. As neogoatyske doarpstsjerke mei in krusingstoer is dit type tsjerkebou seldsum.

Yn 'e tsjerke stiet in barokke preekstoel en in letgoatysk houten byld fan Anne Trijeresom. Dêrnjonken is ek in houten piëta út likernôch 1500 bewarre bleaun, dy't oarspronklik yn 'e kapel op 'e Kapelberch stie.
It doopfont waard skansearre werom fûn yn 1925. It stie nei alle gedachten yn 'e yn 1893 ôfbrutsen midsiuwske tsjerke fan Hernen. De achtsidige kom is orizjineel en hat oan fjouwer kanten koppen. It waard yn 1938 restaurearre.[3]
De tsjerke hat in oantal fraaie brânskildere ramen, bygelyks yn it prysterkoer.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It twamanualige oargel fan 'e tsjerke waard yn 1938 boud troch de firma L. Verschueren.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
