Sint-Annatsjerke (Jerevan)

Ut Wikipedy
Sint-Annatsjerke

Սուրբ Աննա Եկեղեցի

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
plak Jerevan
adres Abovyan strj., Kentron Distrikt
bysûnderheden
boujier 2011-2014
arsjitekt Vahagn Movsisyan

De Sint-Annatsjerke (Armeensk: Սուրբ Աննա Եկեղեցի; Surb Anna Yekeghets'i) is in armeensk-apostoalyske tsjerke yn it distrikt Kentron fan de Armeenske haadstêd Jerevan. De yn 2015 iepene tsjerke stiet by de 13e iuwske Katoghike-tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De residinsje fan de katolikos

Op 4 july 2009 waard ûnder lieding fan katolikos Karekin II de grûn wijd foar de bou fan de Sint-Annatsjerke en in oanbuorjende kompleks, dat tsjinje moast foar de residinsje fan de katolikos yn Jerevan. De plechtichheid waard bywenne troch presidint Serzh Sargsyan en tal fan oare pommeranten. Oanwêzich wiene ek Hirair Hovnanian en syn frou Anna, Amearikanen fan Armeenske komôf dy't de bou fan de tsjerke mooglik makken.

De bou fan de tsjerke sette yn 2011 útein en waard foltôge yn 2014. Op 30 april 2015 waard de tsjerke konsekrearre troch katolikos Karekin II.

It ûntwerp foar de tsjerke is fan de arsjitekt Vahagn Movsisyan. Westlik fan de tsjerke stiet de residinsje fan de katolikos.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Anna Church, Yerevan