Sint-Andréaskatedraal (Patras)
| Sint-Andréaskatedraal Καθεδρικός Ναός Αγίου Ανδρέα | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Patras | |
| koördinaten | 38°14' N 21°43' E | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Anastasios Metaxas, Georgios Nomikos | |
| boujier | 1908-1974 | |
| boustyl | neobyzantynske arsjitektuer | |
| Kaart | ||
De Katedraal fan Sint Andreas (Gryksk: Ιερός Ναός Αγίου Ανδρέου) of koartwei de Hagios Andreas is in Gryksk-otterdokse basilyk oan 'e westlike kant fan it stedssintrum fan Patras yn Grikelân. Mei de tichteby lizzende âlde tsjerke fan Sint-Andréas (Gryksk: Παλαιός Ιερός Ναός Αγίου Ανδρέου) foarmet it in beafeartplak foar kristenen fan oer de hiele wrâld. De tsjerke is wijd oan 'e earstneamde apostel dy't troch Kristus roppen waard, Sint-Andréas.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e tsjerke yn Gryksk-Byzantynske styl sette yn 1908 ûnder tafersjoch fan 'e arsjitekt Anastasios Metaxas útein, folge troch Georgios Nomikos. De katedraal waard 66 jier letter, yn 1974, iepene. Neffens heechlearaar Charis Alk. Apostolopoulos oan 'e Universiteit fan Patras, dy't it tsjerkegebou wiidweidich bestudearre hat, hat de tsjerke in fan 1.900 m² op 'e grûn en dêrnjonken 700 m² op 'e earste ferdjipping. De tsjerke is 60 m lang, 52 m breed en kin 7.000 minsken ûnderbringe.

De katedraal wurdt as de grutste ortodokse tsjerke fan Grikelân beskôge en nei de katedraal fan Sint-Sava yn Belgrado en de Aleksander Nevskikatedraal yn Sofia de tred grutste tsjerke yn Byzantynske styl op 'e Balkan. Oare boarnen neame de tsjerke fan Sint-Panteleimon fan Acharnai as de grutste fan Grikelân. Boppe de sintrale koepel stiet in 5 meter lang ferguld krús en boppe de oare koepels steane 12 lytsere krúsen. De krusen symbolisearje Jezus en Syn apostels. It ynterieur fan 'e tsjerke is fersierd mei muorreskilderingen en mozaïken yn Byzantynske styl.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e katedraal wurde de reliken fan 'e apostel bewarre. Se besteane út in pinke, in diel fan 'e plasse fan 'e apostel en lytse dielen fan it krús dêr't er oan martele waard. Alle reliken wurde yn in spesjale skryn bewarre. De plasse waard yn septimber 1964 yn opdracht fan paus Paulus VI fanút de Sint-Piter yn Rome skonken. Kardinaal Bea late in groep fan 15 kardinalen, dy't de relikwy op 24 septimber 1964 oan biskop Konstantyn fan Patras oerdroech. Tûzenen minsken, wêrûnder ek premier Georgios Papandreou en in soad Gryksk-otterdokse biskoppen, diene mei oan 'e seremoanje. Nei in prosesje troch de strjitten fan Patras waard de plasse yn in spesjale sulveren miter yn 'e tsjerke set. It krús fan Sint-Andréas waard yn 'e tiid fan 'e krústochten troch de hartoch fan Boergonje nei Grikelân brocht en dielen waarden sûnt de midsiuwen yn 'e Abdij fan Sint-Fiktor yn Marseille bewarre. Dy reliken waarden op 19 jannewaris 1980 oan Patras weromjûn en oanbean oan biskop Nikodemus fan Patras troch in Roomsk-Katolike delegaasje ûnder lieding fan kardinaal Roger Etchegaray.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cathedral of Saint Andrew, Patras (ferzje 23 novimber 2025.)
|
